Aaipop stiet foar it Frysk
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Krystkonsert Ljouwerter Bachferiening 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
Nei twa jier koroana kin it wer heve mei popfestivals en dat jildt likegoed foar ‘it grutste Frysktalige festival op ierde’: Aaipop. De organisatoaren binne optein dat Aaipop ankom Twadde Peaskedei wer in wier feest wurde kin. Mar it is dus net samar in feest.
It Frysk is tige wichtich foar Aaipop, sa fernijde bestjoersfoarsitter Romke Wielstra juster by in wiidweidich fraachpetear yn de Ljouwerter Krante oer it festival yn Nijlân: “Dat is ús kearnwearde. Us doel. Dat is ek fêstlein yn ús statuten. Bands dy’t yn it Frysk sjonge in poadium jaan. Wy steane foar it Frysk.”
Hy is sels yn it Frysk warber mei amateurtoaniel en yn de doarpskrante. “Ik bin der hiel bot mei dwaande. Ik haw it Frysk heech sitten, kinst der in soad mei dwaan.” Neffens him is de bleatstelling oan Frysktalige muzyk by Aaipop, fan de tiid dat er in lyts jonkje wie ôf, dêr anneks mei. “Dat hat it yn alle gefallen by op syn minst ien berikt.” Hy sjocht it oars likegoed by de oare bestjoersleden, dy’t meast generaasjegenoaten binne. Oer de takomst fan it Frysk by de jongerein is er mei dêrom net pessimistysk. “Yn de media hearst faak dat it Frysk efterút giet. En wat echt geef Frysk oanbelanget sil dat ek sa wêze. Mar moatst ek akseptearje dat taal him ûntwikkelet. Guon rappers yn it Nederlânsk meitsje der ek in brij fan, mei fan alles trochinoar. En de jongerein brûkt it Frysk wol, op WhatsApp en Facebook en hjir yn it kafee en wit ik it wat. Ik ha my der ek wol ris oan steurd dat it net altiten like geef is, mar se brûke it al.”
Op it feestterrein wurdt it Frysk langer ek skriftlik brûkt. Der binne dit jier teksttegeltsjes mei taalgrappen en spesjaal foar it festival hat Pieteke de Boer út Wommels in tal gedichten skreaun. Ien dêrfan is op muzyk set as in ‘jubileumliet’, om’t Aaipop 35 jier bestiet, troch Susanne Spies fan Nijlân (de faam fan Wielstra), dy’t it by de iepening fan Aaipop ek sjonge sil.
Hjirûnder stiet de klip fan it ferske:
In posityf effekt fan de koroana is al dat de Aaipop fan ferline jier noch hieltyd mei te meitsjen is, bygelyks om alfêst yn de stimming te kommen. Sjoch hjir.
De optredens wurde dit jier fersoarge troch: J.A.N., Jabuur Neebuur, Jammer, Sjoerd ensa, Vocal Roses,Trijexnix, Farsk!, Wiebe en band, Jitiizer, Weima en Van der Werf, Folgas, NNB en Sebeare.
Wy kinne safolle mear mei it Frysk. As wy de foardielen en mooglikheden mar sjen wolle.