4 maaie-betinking yn Blauhûs

april 29, 2022 08:31

Blauhúster susters hiene wichtige rol yn de oarloch 

Mei de deadebetinking op woansdei 4 maaie yn Blauhûs, wurdt dit jier ek stilstien by it goede wurk fan de ‘Zusters van de Voorzienigheid’. Sy hawwe yn ‘40-‘45 yn it St. Theresiagesticht – no Teatskehûs – leafdefol evakuees opfongen. Ienfâld, beskieden, hulpfeardich en gastfrij wiene en binne nocht altyd de deugden fan harren kongregaasje.  

Boarne: Argyf Teatskehûs

Ida Hylkema fersoarget nei de betinking in lêzing mei as titel ‘De Voorzienigheid yn oarlochstiid’.

Sitaat: ‘De hongerwinter dy’t benammen it westen fan Nederlân trof, waard ek field yn Blauhús. Net fanwege de honger, mar fanwege de minsken dy’t de honger besochten te ûntflechtsjen. Ferskate kearen waard nachts oanbelle troch sjauffeurs dy’t auto’s fol bern brochten fan Amsterdam, De Haach, Utert’.

Boarne: Doarpsfilm Blauhús/Frysk Film- en Audioargyf

De betinking begjint 4 maaie om 19.15 oere mei in stille tocht fan de Sint-Fitustsjerke nei it tinkplak by it Teatskehûs. Dêr spilet Fanfare Blauhús ûnder oare ‘Ukrainian Athem’ fan musikus Henk de Haan. Dan folgje de krânslizzingen, groet troch feteranen,  blomlizzingen, last post, twa minuten stilte en de folkslieten. Oanslutend is de lêzing troch Ida Hylkema yn it Atrium fan it Teatskehûs.

 

april 29, 2022 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.