It wurdt wer fytserswaar
Resint ferskynd
Woansdei 13 april is it Fryske ‘Doortrappen-seizoen’ iepene. Yn hast alle Fryske gemeenten wie dy dei in fytstocht. Yn Easterwâlde krige wethâlder Marian Jager fan Eaststelling werf mei oare dielnimmers útlis oer feilich op- en ôfstappen. Dêrnei fytsten se mei in fytsdosint en in buertsportcoach in rûte. Wethâlder Jager: “Mede door fietsen blijven mensen langer gezond, sociaal en zelfredzaam. Senioren fietsen graag, maar ze zijn ook kwetsbaar in het verkeer. Door als gemeente mee te doen aan Doortrappen, willen we senioren helpen om zo lang mogelijk fit en veilig te blijven fietsen. Het liefst tot hun hondertste.”

boarne: Doortrappen Fryslân
Fan hjoed ôf is der op Omrop Fryslân in radiospot te hearren oer Doortrappen. Op www.doortrappen.frl is in oersicht fan fytsaktiviteiten te finen. Der steane ek tritich Fryske Doortraproutes op. Dy binne spesjaal geskikt foar senioaren. Sokke trochtraaprûten binne rûntsjes fan sa’n tweintich kilometer, oer rommere paden, mei net te folle obstakels en relatyf feilige krúspunten. Se binne fansels ek foar oaren tagonklik.
Meikoarten komt der op de webside ek ynformaasje oer de trochtraapaktiviteit Fyts dy ryk, spesjaal foar minsken dy’t graach fytsrûten ûntdekke en dy’t it aardich fine om der in beleanning foar te krijen. Dêr hearre in ynformaasjeboekje en in stimpelkaart by.
It fytsprogramma om senioaren te stimulearjen faker te fytsen is in inisjatyf fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Yn Fryslân is it Regionaal Orgaan ferkeersfeilichheid Fryslân kertiermakker en hast alle gemeenten hawwe in trochtraapkoördinator.
De fytsaktiviteiten wurde opset en organisearre troch de Fietsersbond (fytsdosinten) en Sport Fryslân (buertsportcoachen) yn gearwurking mei oare partijen dy’t belutsen binne by it feilich fytsen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje