Ynjouwings

maart 16, 2022 13:46

Ynstjoerd

Yn myn bydrage “Tusken fielen en tinken” (nov. 2021) skreau ik oer positive gefoelens dy’t ik ynienen krige. By fierder neitinken die bliken dat ik noch mear sokke ûnderfinings hân ha. Dat soe betsjutte dat men ynjouwings krije kin en it letter wer ferjitte. It soe dus bêst wêze kinne dat hast alle minsken soks wolris hân hawwe en dat it letter it libben beynfloedet sûnder dat men it yn ’e rekken hat. En dat giet soms wol hiel fier. Allinne in dreambyld kin al ta in sterke leafdesrelaasje liede.

Mar it hoecht miskien ek net allinne posityf te wêzen, as wy noris sjogge nei wat Poetin úthellet. Miskien wol mei as ynjûne opdracht “Meitsje Ruslân wer grut”. Dat betsjut dat wy mei sokke gefoelens tige foarsichtich wêze moatte. Miskien stamme se wol fan ús fiere foarteam, dy’t har as bisten noch mei har gefoelens rêde moasten.

Pyt Kramer

maart 16, 2022 13:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.