Ynformatyf museumstik oer ierdwaarmte yn De Tiid yn Boalsert

maart 5, 2022 08:25

Ynwennerinisjatyf Stogef (Stichting ûntwikkeling geotermy Fryslân) ûndersiket yn Boalsert de mooglikheden om ierdwaarmte te brûken as alternatyf foar ierdgas. It technyske ferhaal is sa begryplik mooglik yn byld brocht op in ynformaasjepylder mei ferskate animaasjefilmkes, ôfbyldingen en útlis. De pylder waard ôfrûne wike ûntbleate troch wethâlder duorsumens Erik Faber, ûnder tasjend each fan belangstellende ynwenners en oare minsken dy’t útnûge wiene.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

It museumstik kriget in fêst plak yn De Tiid, Boalserts eardere stedhûs, sadat ynwenners fan Boalsert en oare besikers op in aardige manier ynformearre wurde oer de ûntwikkelingen yn ’e enerzjytransysje en spesifyk yn harren eigen wenomjouwing. “Ynwenners goed ynformearje set it tinkproses yn gong”, sei Johannes Lankester fan Enerzjy Wurkpleats Fryslân. De wurkpleats giet graach mei Stogef yn Boalsert dy útdaging oan.

“En dat is net fan hjoed op moarn regele”, lei Ynze Salverda fan Stogef út. Yn Boalsert wurdt de mooglikheid ûndersocht om oant in djipte fan 4000 meter te boarjen. Dat is in stik djipper as de wenstige 2800 meter en dêr komt in protte by te sjen. “Soms liket it wat stil, mar op ’e eftergrûn wurdt hurd wurke oan ferfolchstappen, lykas miljeumjittingen, wetlike prosedueres en it ûndersykjen fan finansieringsmooglikheden. Wy tinke faak dat net alles nijsgjirrich is om mei ynwenners te dielen, mar wy fine it moai dat we no mei dizze pylder wat mear sjen litte kinne”, joech Salverda oan.

“Wa hie fjouwer jier lyn tocht dat wy it hjir hjoed oer geotermy hawwe soene?” Sa begûn wethâlder Faber syn ferhaal, dêr’t er yn beklammet dat it sa gau gien is mei de waarmtetransysje. “It is in kompleks ferhaal, foaral mei de hjoeddeiske aktualiteit, dêr’t we ús by ôffreegje oft wy ôfhinklik wêze wolle fan gas út lannen as Ruslân. Dêrom binne wy ek sa bliid mei inisjativen út ús gemeenten, lykas dizze, mei as doel dat ek de opbringsten yn ús direkte omjouwing bliuwe en dat wy dêr mei-inoar fan profitearje”, sei Faber mei grutskens.

Yn septimber kamen goed twahûndert minsken nei de Martinitsjerke, doe’t dêr in ynformaasjegearkomste oer ierdwaarmte wie. De belutsenheid yn Boalsert is heech en it ferlet oan ynformaasje grut. Mei de ynformaasjepylder binne Stogef en de gemeente Súdwest-Fryslân wer in stap fierder yn it beheljen fan ynwenners by it proses fan de ûndersiken nei geotermy.

maart 5, 2022 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.