“Wy moatte moarn mar wer even yn it waar sjen” – Piet Paulusma 1956-2022

maart 22, 2022 19:17

Yn de hjerst fan 2020 hie DE NIJE in fraachpetear mei Piet Paulusma. It waard publisearre yn jannewaris 2021. Hjirby dat nijsgjirrige petear. Wy sille him misse.

It waar, dat is wittenskip, waarkaarten, nei bûten sjen en benammen ûnderfining. Paulusma wie ien fan de earsten mei in kompjûter en mei ISDN. Sadwaande koe hy mear as fjirtich jier lyn al Amerikaanske waarkaarten ophelje.

Pier Bergsma yn petear mei Piet Paulusma

Neffens my wienen jo de earste waarman, dy’t bûtendoar presintearre.

Foar Omrop Fryslân hawwe wy yn it begjin de waarsferwachting twa kear yn de studio dien en doe seine we: “Eins moatte wy nei bûten ta.” It wie yn dy tiid ien kear yn de wike op freed en dan die ik dat út it wurk wei, want ik wurke yn Ljouwert. Dan stiene wy dêr yn de Prinsetún en namen wy it waar op, oft it no reinde of moai waar wie. Yn 1996 bin ik adviseur wurden fan it bestjoer fan de Feriening De Fryske Alvestêden en doe kaam SBS by Omrop Fryslân. Omrop SBS bestie krekt en dy frege: “Hawwe jim ek in waarman foar ús?” Doe hawwe wy dat mei krysttiid foar SBS op it iis dien. Dêrnei kaam dy lange winter mei Alvestêdekoarts en doe hat dy omrop opnij frege oft ik tsien dagen lang it blokje waar foar harren dwaan woe. Dat wie ek bûten, op it iis. Ik wie der tige mei ynnommen. Doe hold dat op, mar se kamen yn de simmer by my om te freegjen oft ik nei Amsterdam komme woe foar oerlis. Ik wie op dat stuit belutsen by it skûtsjesilen. Yn augustus bin ik nei Amsterdam gien. Ik moast wachtsje en ik hie heard dat der al mear minsken west hiene foar audysje om it waarberjocht te dwaan. Se namen my oan. Dat hie ik net ferwachte. Wy hawwe hjir yn Fryslân de trendsetter west foar it presintearjen fan it waar op lokaasje. Undertusken hawwe tal fan regionale stjoerders in selde opset as dêr’t wy mei begûn binne. Wat ik noch efkes sizze wol is dat ik alles út ’e holle doch. Ik haw dus gjin autocue. It foardiel is dat iksels de waarsferwachting opmeitsje. Ik haw in pear dingen op in papierke, temperatuer en sokssawat. Echt maklik is it net, mar it wurket hiel goed. By SBS wie it doedestiids alle jûnen live. Dan sit der mear spanning op, mar it gefolch wie ek dat it altyd goed gie. Yn in studio, lykas it waar by NPO 1, dat giet fansels hiel oars.

Hoe kamen jo sa by de waarsferwachting? Jo diene dat earst as hobby.

Ik fûn it waar altyd al ynteressant. Hiest yn dy tiid Hans de Jong. Dy wie skoalmaster. It wie in man dy’t troch selsstúdzje fier kommen wie. Dêr harken wy alle dagen nei. Yn jannewaris 1977 begûn de Teleac-kursus ‘Wij en het weer’. Dêr krigest in waarstasjon by en doe sei ik tsjin Joke, myn frou: “Witst wat, ik gean ris mei dy hobby teset.” Ik makke dêrnei in waaroersjoch foar de Franeker Courant. Dat gie oer hoe’t it waar west hie. Folle nijsgjirriger wie it fansels om te sizzen hoe’t it waar wurde soe. Doe haw ik yn Ter Apel apparatuer kocht om gegevens oer it waar te ûntfangen. Dat wie rjochte op de Dútske merk.

“Yn it begjin hie ik in keamerfol mei apparatuer,
mar hast no alles yn de kompjûter sitten”

Fan dy tiid ôf koe ik myn eigen waarkaarten krije en ik haw my der mear en mear yn ferdjippe. Ik kom dan wol net oan de hegere wiskunde ta sa’t se dat op de universiteit krije, lykas by Gerrit Hiemstra of oare meteorologen. Mar dêrsûnder giet it ek. Goed nei de loft sjen en wat bart hjir allegearre. Wat wol fan belang wie: ik hie yn dy tiid in folsleine baan by KPN telecom yn in managementfunksje. Dat betsjutte dat ik as ien fan de earsten op ’e hichte wie fan alle nije ûntwikkelingen. Ik wie ien fan de earsten mei in kompjûterke en mei ISDN en ik koe as ien fan de earsten Amerikaanske waarkaarten ophelje. Myn sweager Cor Hofstee hie yn Wageningen mikrometeorology studearre. Hy wurke doe yn Amearika yn Auburn en hy hat my holpen om dy Amerikaanske kaarten op te heljen. Ik haw my fan it begjin ôf op ’e hichte steld fan alle nije dingen. Underwilens binne alle programma’s ferbettere. Yn 1996 bin ik fan it iene op it oare momint opholden mei myn wurk yn Ljouwert, omdat ik dy baan as waarman krije koe by SBS. KPN hat my wol altyd alle romte jûn om myn hobby út te fieren.

Hoe sjocht jo dei derút, want jo binne moarns betiid al warber

Kertier foar seizen stean ik neist it bêd en dan is it om 06.30, 07.00 en 07.30 oere foar Omrop Fryslân Radio en om 07.50 oere foar Radio 5. Om 12.00 oere Omrop Fryslân, 12.20 Radio 5, 12.30 Omrop Fryslân, 16.00 oere Omrop Fryslân en ek om 16.30 oere. Dat binne allegearre live-útstjoeringen. Mar ik haw niis krekt tuskentroch it waar opnommen foar Omrop Fryslân telefyzje, it waar foar Max en it waar foar Piets Weer Online (Paulusma kaam krekt nei twaen thús mei syn auto mei Piets Weer op de sydkant. PB) Ik doch sân dagen yn ’e wike radio en fiif dagen yn ’e wike Max-telefyzje. Dêrneist sân dagen waar online. It is dus bêst in soad wurk. Wy hawwe in systeem meitsje litten dat automatysk de Dútske gegevens ophellet, mar dêrnei moat ik der sels goed nei sjen. En dan moat it fansels presintearre wurde. Doe’t ik siik wie, hat myn dochter Martsje it in skoft oernommen. Dat is goed gien. No nimt se it ien kear yn ’e wike fan my oer. Se hat fansels in soad fan my meikrige. Ik haw wolris op fakânsje west, faak yn Nederlân, en dan koene wy it waar op de camping opnimme. Wy hawwe ek in pear kear mei de hiele húshâlding nei it bûtenlân west, en dan wie ik der dus net.

Hoefier kinst reedlikerwize foarútsjen?

Dat is sa om de sân of tsien dagen hinne. It hinget fan de situaasje ôf. Fansels giet it wolris mis. It heucht my dat wy yn Akkrum wiene foar in opname by in tocht mei in boat. Ik hie sein dat it moai waar wurde soe, mar it spielde dat it sawat die. Doe sei ik dat ik it oars ferwachte hie. As it mis is, moat men dat sizze doare en wêrom, en net it kompjûtermodel de skuld jaan, want ik haw it foarútsjoch makke. It waar dat is de wittenskip, de waarkaarten, nei bûten sjen en de ûnderfining.

 Wy hawwe ôfpraat dat wy nei dit jier
noch trochgeane by de NPO

Jo wurde 15 desimber 64. Jo dogge Omrop Fryslân al lang, fan 1985 ôf. Hoe lang bliuwt “Oant moarn” noch?

By Omrop Fryslân sit ik begjin desimber 35 jier. Hast net ûnderbrutsen. Yn it begjin foar de radio en doe’t yn 1994 de telefyzje derby kaam, bin ik dêr ek begûn. By Omrop Max wurkje ik fan jannewaris fan dit jier ôf. It is twa minuten foar it nijs fan seis oere. As it bysûnder waar is, wurdt it wat langer. Wy hawwe fansels no in folslein oare situaasje as yn it begjin fan dit jier. Ik haw noch mei Omrop Max nei de Weissensee west by de alternative Alvestêdetocht, mar troch Covid-19 binne de lokaasjes no alle dagen ticht by hûs en net tusken de minsken. It giet fansels om Nederlânske sjoggers, dus ek dêrom bliuwe wy ticht by hûs en wy binne fan it opnimmen jûns nei opnimmen oerdei gien. Wy hawwe ôfpraat dat wy nei dit jier noch trochgeane by de NPO, dus by Max. Mar it hâldt in kear op.

Klimaatferoaring

Wy komme te praat oer de klimaatferoaring. Paulusma: It waarmet al fan de iistiid ôf op. Wy hawwe dêrnei in pear koarte kâlde perioaden hân, bygelyks yn de midsiuwen. Der wiene soms waarme jierren tuskentroch. Yn de santjinde iuw ek in kâlde perioade. Dêrtroch al dy skilderijen mei reedriders en iis. Fan de perioade fan de yndustrialisaasje ôf giet it hurd, omdat der folle mear minsken binne as eartiids en dy hawwe harren auto’s, dy wolle fleane en gean sa mar troch. De stêden wurde grutter. Wy sille meikoarten net by steat wêze om it klimaat by te stjoeren. De berekkeningen binne ûnderstellingen. Witst net hoe’t it útpakt. Wy sille rekken hâlde moatte mei in oar klimaat: swiere buien, in langer groeiseizoen en mei mear ekstremen, boskbrannen en orkanen. In soad minsken hawwe op ús wrâld no al te lijen ûnder de opwaarming. Yn de opwaarming sit ek in natuerlik proses. Mar de Alvestêdetocht is noch altyd mooglik de kommende fiif winters.

Hendrik Avercamp, Groot wintergezicht (1608) Rijksmuseum

Piet Paulusma makke syn debút as waarman by Omrop Fryslân yn 1985. Syn lanlike trochbraak kaam mei de Alvestêdekoarts winter 1995-1996. Hy wie doe in tiid lang faak op alle stjoerders te sjen en mei de Alvestêdetocht fan 1997 hie Paulusma foar it earst mei SBS 1 miljoen sjoggers. Paulusma wie de earste dy’t mei in waarpraatsje op lokaasje begûn. Dat betsjut troch de tiid hinne op hûnderten lokaasjes. Hy wurdt benammen yn de simmermoanne faak frege foar eveneminten. Dat stie ôfrûne simmer foar it grutste part stil. Us waarman wennet yn Harns. (Yn in fraai grut hûs. Sjoerd Jacobus Hannema lei op 10 oktober 1858 de earste stien. Efter hûs is in prachtige binnentún mei in âlde bûkebeam. PB). Paulusma waard mear as ien kear útroppen ta populêrste waarman fan it jier. Op 30 desimber 2019 hold er nei 23 jier op as waarman by SBS, mar sûnt 1 jannewaris fan dit jier wurket er foar Omrop Max.
maart 22, 2022 19:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.