Wolle jo meihelpe oan in bettere Fryske foarlês-app?

maart 30, 2022 14:31
Foto: Morguefile

De Ryksuniversiteit Grins en de Fryske Akademy wurkje op ‘t heden oan nije programmatuer om Fryske teksten foar te lêzen. Dêr is al in soad mei mooglik, mar de makkers wolle graach stipe fan in grut tal Fryskpraters om de ynstellings noch fierder te ferbetterjen.

As jo dêroan meihelpe wolle, kinne jo dat dwaan mei de ûndersteande link. As jo dêrop klikke, hearre jo in sin dy’t yn it Frysk troch in persoan foarlêzen wurdt. Dêrûnder kinne jo ferskate sinnen oanklikke, dy’t troch de programmatuer foarlêzen wurde. Jo kinne dan oanjaan hoefolle minder natuerlik en hoefolle minder dúdlik oft dy binne yn ferliking mei de minsklike foarlêzer. It meidwaan duorret likernôch tweintich minuten.

Klik hjir om mei te dwaan.

maart 30, 2022 14:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.