Wolkom wolf?

maart 25, 2022 15:42

Ynstjoerd

Attje Meekma, foto © CDA Fryslân

It wie in foarteken. Skarrelhin Hinke en skarrelknyn Tryntsje út Jobbegea wiene samar fuort. Allinne in protte fearren bleauwen benefter. In dei letter sloech de wolf yn Jonkerslân ta: fjouwer teskuorde skiep, lammen dea ear’t se berne wiene en skea efternei troch ferwûningen, stress en it fersmiten fan lammen. Net de earste kear: dit jier kosten wolve-oanfallen yn Fryslân al oan 31 skiep it libben. Oant ein ferline jier wie it noch wat dat ús net like te reitsjen, mar de wolf is no yn Fryslân dochs wol tige oanwêzich. Juster waard in wolf yn it noardeasten fan de provinsje waarnommen, yn Westergeast. Oft it ien fan de wolven is dy’t har yn Drinte deljûn hawwe is trouwens net dúdlik.

Wy hawwe it yn de Fryske Steaten faak oer ús natuer, mar hoe’t we dêrmei omgeane wurdt foar in grut part troch Europeeske regeljouwing en nasjonale wetjouwing útmakke. Sa is it ek mei de status fan de wolf, dy’t yn Europa de heechste beskerming krige hat, in prioritêre soarte. Dêroerhinne komt nochris Nederlânske wetjouwing, dy’t fikse straffen opleit oan elkenien dy’t de wolf ek mar in striebreed yn it paad leit en selfs oanjout dat skieppehâlders dy’t harren teskuorde skiep yn it lân fine, straft wurde kinne. Dy soene nammers (hoe wrang!) harren bisten net goed beskermje (3e lid fan artikel 1.6 beslút bistehâlders).

Wy kinne der mar op rekkenje dat it net by in pear wolven bliuwt. De Europeeske wolvepopulaasje nimt mei tritich persint it jier ta. Europeesk is der al lang in geunstige steat fan ynstânhâlden.  Dútslân gie ús foar: yn 2000 de earste, no binne dêr 429 folwoeksen wolven mei yn it ôfrûne seizoen 556 jongen. Yn Nederlân wie it fêstigjen op de Feluwe yn 2018 in feit. Underwilens binne dêr sa’n fyftjin wolven en der foarmje har ridels.

De Feluwe is wat omfang en biotoop oangiet faaks it iennige gaadlike gebiet foar de wolf yn Nederlând. Mar sels dêr lit de wolf net-winske spoaren nei. De op Nationaal Park De Hoge Veluwe útsette moeflons, dy’t nedich wiene om N2000-doelen te berikken, wurde yn rap tempo troch wolven ôfslachte. Dinnebeammen wurde sadwaande net genôch weifretten en dêrtroch feroaret heideskrale greide mei unike planten en bisten yn bosk, wat net de bedoeling is. Nederlân mei ek oer de heide ynsitte dêr’t de skieppekeppels foar it breanedige beweidzjen soargje.

Werom nei Fryslân. Binne we ús derfan bewust dat we troch de wolf hjir ek in oar lânskip krije? Litte we de Fryske greiden, mei sleatten deromhinne, folsette mei hege roasterstekken? Stekken dy’t foar de wolf faak gjin barriêrre binne en oar wyld de kop kostje? Is it ús wol goed as boeren en hobbyhâlders net kieze foar dy djoere maatregels, dy’t mar foar in part fergoede wurde, en dan de boel mar ferkeapje of binnendoarren hâlde? Omdat mei it oanhâldend driigjen fan teskuorde bisten net te libjen is?

Benammen skiep, mar ek (jong)fee en ponnys sille út it lân ferdwine. Weidzjend fee is wat de mienskip freget, mar is boppe-al goed foar boaiem en bioferskaat. Greiden soagje foar in optimale biotoop foar greidefûgels, dêr’t de Provinsje Fryslân alle jierren goed € 14 miljoen yn stekt. Natuerbehear is kieze, benammen yn in kultuerlânskip. Wy moatte net fersûpe yn in moeras fan tsjinstridige natuerdoelen, mar ús grutste ferantwurdlikheden foar eagen hâlde. CDA Fryslân kiest foar it Fryske lânskip sa’t it der no útsjocht, mei weidzjend fee en greidefûgels. Wy pleitsje dan ek foar it regulearjen fan de wolf troch it oanwizen fan wolvefrije gebieten, mei dêrûnder Fryslân, en it oanpassen fan it beskermingsnivo. Dat lêste stiet no yn Europa op de wurklist.

Attje Meekma, CDA Provinsjale Steaten Fryslân
a.meekma@fryslan.frl

maart 25, 2022 15:42
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Joute De Graaf maart 29, 15:16

    Fourt mei dy wolf.
    Pas wannear sa’n bist besit fan jim as foarstãners opfret begjinne jim dat ek te sizzen.

  2. Germ Dijkstra maart 30, 13:39

    Yn earsten, sûnt wannear is dizze webside (publieklik) CDA kampanjeplak wurden?

    Yn twadden, jo sprekke josels nogal tsjin. Jo wolle bioferskaat (op himsels moai nijs fan’t CDA), mar dan net mei ynkl de wolf. Sa wurket it net fansels. Sterker noch, wêrom tochten jo dat dy wolf geregeld in skiep pakt? Júst, der is te min écht bioferskaat.

    Yn plak fan oer elkoar hinne falle om te roppen dat it sa slim is mei dy wolf, soe it jo siere as jo ris neitinke oer hoe’t wy ús sa oanpasse kinne dat wy best mei de wolf leve kinne. Dat is no krekt de gedachte achter dat Europeeske natoerbelied dat jo oanhelje.

    As der yn Dútslân al mear as 500 fan dy bisten leve, ha se dêr grif goeie tips foar ús tinkt my.

    Leare is better as krimmeneare.

  3. Tom Dykstra maart 30, 14:43

    Op Europeeske skaal kin de wolf in beskerme bistesoart wêze, mar yn ús kontrijen fanwegen aard en skaal net. It is te gek foar wurden dat no mei stekken wurke wurde moat om guon bisten te beskermjen tsjin in beskerme fijân sûnder natuerlike fijannen.It yntrodusearjen no fan in wolf hjir is gjin fersterking fan in eko-systeem.

  4. Eric febrewaris 28, 12:06

    Dat der misstannen binne op oare plakken, is gjin reden om de misstân ‘wolven’ te introdusearjen.

  5. Cor Jousma febrewaris 28, 17:33

    It is my te maklik en jou Europa de skuld. Sûnder dat E. it brûken fan pestisiden yn ‘e lânbou beheinde, hiene wy hjir gjin ferskaat oan rôffûgels, witereagers en earrebarren. Us sleatten binne noch lang net ynoarder, mar wy kinne tsjintwurdich wol wer de boaiem sjen.

    Dochs jout de wolf yn ús kontreien wol tige grutte problemen. En dan hawwe wy noch gjin wolf op ‘e seediken sjoen.

    Soene wy de ‘Nederlânske’ wolven net tsjippe en dêrmei folgje kinne? Guon fûgels wurde ek ringe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.