Will Smith slacht komyk Chris Rock foar de holle by Oscarútrikkingen

maart 28, 2022 10:17

Presintator Chris Rock makke snein, yn syn praatsje by it útrikken fan de Oscar foar bêste dokumintêre oan Will Smith, in grap oer Smiths frou, Jada Pinkett Smith. Hy sei dat se mei har keale holle klear wie foar in ferfolch op G.I. Jane, de film dêr’t Demi Moore yn 1997 de holle foar kealskearde. Smith liet him dat net sizze, mei’t syn frou troch de oandwaning alopesia mei hierútfal kampt en besleat de holle keal te skearen. Hy rûn it poadium op en ferkocht Rock in slach foar de holle.

Foto: Wikipedia/BDS2006 (talk) – CC BY-SA 3.0

Oanwêzigen tochten earst noch dat it in foaropsette grap wie, mar de sfear yn ’e seal sloech rap om doe’t oan Rock te fernimmen wie dat it echt wie. “It wie mar in grap oer G.I. Jane“, besocht er noch, mar Smith biet him poer lilk ta dat er de namme fan syn frou net mear neame moast. Skiepeftich sei Rock dat er dat net mear dwaan soe en hy besocht oer te gean ta de oarder fan ’e dei, de winst foar de dokumintêre Summer of Love. Bûten byld waard Smith delbêde troch kollega-akteurs Daniel Kaluuya en Denzel Washington.

Besjoch in filmke fan it barren op YouTube.

Dêrnei wie it wachtsjen op de priis foar bêste akteur. Foarôf wie al dúdlik dat Smith him dit jier winne soe foar syn komplekse rol yn King Richard. Dêryn spilet er de besiele tennisheit Richard Williams, dy’t ta it uterste giet om fan syn dochters Serena en Venus tennisstjerren te meitsjen. “Keunst imitearret it libben, no lykje ik op de stoarde heit, krekt as se oer Richard Williams seine”, sei Smith yn syn tankpraatsje. “Leafde lit jin gekke dingen dwaan.” Hy bea de oare nominearre kandidaten en de organisaasje fan de Oscars syn ekskuzen oan.

Koart nei de útstjoering kamen de organisatoaren mei in reaksje: “De Akademy wiist alle foarmen fan geweld ôf. Wy genietsje jûn fan alle winners, dy’t harren momint fan wurdearring troch harren fakgenoaten en it wrâldwiide filmpublyk fertsjinje.” Chris Rock liet him fierder net mear by de seremoanje sjen. Pleatslike media berjochtsje dat er ôfsjocht fan oanjefte en de plysje dêrom gjin ûndersyk begjint.

De Oscar foar bêste film gie nei CODA en dy film wûn ek yn twa oare kategoryen. De film Dune wûn seis Oscars yn technyske kategoryen, lykas kamerawurk, montaazje en dekôrûntwerp.

maart 28, 2022 10:17
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 maart 28, 14:59

    Grappen moatte kinne. Wa’t lykwols op ‘e persoan spilet en dan ek noch op in slimme sykte, moat ek mei de konsekwinsjes rekkenje as dy persoan of partner yn ‘e seal sit.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.