Will Smith seit ‘sorry’ tsjin Chris Rock op Instagram

maart 29, 2022 10:21

Will Smith hat op Instagram ekskuzen oanbean oan Chris Rock, dy’t er sneintenacht by de Oscar-útrikking in klap ferkocht. Hy omskriuwt syn hâlden en dragen as ûnakseptabel en net te ferjaan.

Foto: pixabay.com

De Amerikaanske akteur sloech de komyk Rock nei’t dy op it poadium in grap makke hie oer syn frou Jada, dy’t fanwege in sykte mei hierútfal kampt. Nei syn die gie er wer sitten en rôp er troch de seal dat Rock “de namme fan myn frou net mear yn ’e mûle nimme moat, ferdomme”. Letter op ’e jûn, doe’t Smith de Academy Award foar bêste akteur yn ûntfangst naam, ferûntskuldige er him foar syn hâlden en dragen. Hy makke lykwols gjin ekskuzen tsjin Chris Rock.

Yn syn Instagram-berjocht makket er dy ekskuzen no wol. “Geweld yn alle foarmen is giftich en destruktyf”, skriuwt de 53-jierrige akteur. “Ik wol graach publyklik myn ferûntskuldigingen oanbiede oan dy, Chris. Ik die ûnfoech en siet ferkeard. Ik skamje my.” Smith rjochtet syn ekskuzen ek oan ûnder mear de Akademy, de minsken efter de skermen en it publyk thús en yn ’e seal.

De Akademy, de organisaasje efter de Oscarútrikking, hat moandeitejûn oankundige in formeel ûndersyk nei de klap te begjinnen. “Wy ûndersykje folgjende stappen en de konsekwinsjes mei it each op de regleminten en gedrachskoades”, stiet yn in ferklearring fan de Akademy. It is noch ûndúdlik oan hokker stappen tocht wurdt, mar kenners achtsje it net wierskynlik dat Smith syn Oscar ynleverje moat. De Akademy lit witte it ynsidint te feroardieljen.

Besjoch in filmke fan it barren op YouTube.

 

Dit bericht op Instagram bekijken

 

Een bericht gedeeld door Will Smith (@willsmith)

maart 29, 2022 10:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.