Wietse Jan Dijkstra fynt earste ljipaai yn Warkumerwaard
Resint ferskynd
Wietse Jan Dijkstra fan Sint-Anne hat moandei om 12.30 yn in greide by de Warkumerwaard it earste ljipaai fan Fryslân fûn. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten hat de fynst fan it twake goedkard.

Foto: Wikipedy/Rasbak – CC BY-SA 3.0
“Hjir dreame je fan”, fertelt de 45-jierrige finer op it provinsjehûs, dêr’t er de Sulveren Ljip krige út hannen fan kommissaris fan de Kening Arno Brok. “Ik ha wolris in earste ljipaai fan in gemeente fûn, mar je besykje dochs om ris de earste fan de provinsje te finen.” Dat is no slagge. “Fryslân is grut en der binne folle mear kapers op de kust. Dat it no slagge is, is hiel bysûnder.”
Ferline jier waard it earste ljipaai fan Fryslân op 6 maart fûn by de buorskip Spriens, ûnder Raard. De 39-jierrige Simon Spriensma fan Dokkum wie de finer fan dat aai.
It earste ljipaai fan Nederlân is dit jier op 9 maart al fûn troch de 81-jierrige Tonny Rupert yn Hengevelde (Oerisel). It earste aai fan Nederlân is yn de ôfrûne tsien jier mar twa kear yn Fryslân fûn: yn 2012 yn Aldehaske en yn 2019 yn Fegelinsoard.
Boarne: Omrop Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje