Waarpraatsje: Tige mylde tiisdei
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in hiel kreaze en mylde moandei mei in soad sinne. Dat fêste waar hâlde wy noch wol efkes.
Moandeitenacht is it helder, mar op guon plakken soe wat bewolking wêze kinne en ek wat damp is net hielendal útsletten. By in swakke easte- oant súdeastewyn leit de temperatuer om de 3 graden hinne.
Tiisdei skynt de sinne wer in hiel soad, mar yn ‘e moarntiid soe wat bewolking de sinne earst wat dwers sitte kinne. De wyn komt út it súdeasten en is swak oant matich. Mei 15 oant 18 graden is it tige myld foar dizze tiid fan it jier.
Woansdei en tongersdei feroaret der neat.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje