Waarpraatsje: Soad sinne

maart 17, 2022 17:30 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De ynwenners fan Fryslân waarden tongersdeitemoarn wekker mei smoarge auto’s, hûssmoargenskonteners ensafuorthinne. De oarsaak wie saharastof, gjin deistich ferskynsel. No krije we in pear dagen mei in hiel soad sinne.

Freedtenacht is it hast oeral helder en op guon plakken soe it wat dampich wurde kinne. Der stiet hast gjin wyn en de temperatuer leit om it friespunt hinne.

Freed skynt de sinne hast de hiele dei. By in swakke wyn út ferskillende rjochtingen wurdt it in graad of 13.

Yn it wykein is it ek hiel kreas maitiidswaar.

Jan Brinksma

maart 17, 2022 17:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.