Waarpraatsje: Poerbêst maitiidswaar

maart 18, 2022 17:16

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is poerbêst maitiidswaar en dat bliuwt it ek noch wol efkes.

Freedtenacht is it helder en by in swakke oant matige easte- oant noardeastewyn leit de temperatuer krekt boppe it friespunt.

Sneon skynt de sinne wer hast de hiele dei. De easte- oant noardeastewyn wurdt matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om de 12 graden hinne.

Snein feroaret der net in soad, mar der is wol wat mear bewolking. By in matige eastewyn wurdt it wer in graad of 12.

Takomme wike bliuwt it hiel kreas waar en it wurdt noch wat mylder.

Jan Brinksma

maart 18, 2022 17:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.