Waarpraatsje: Hiel soad sinne
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in hiel kreaze woansdei en it bliuwt noch in pear dagen strieljend waar, mar de nachten binne oan ‘e kâlde kant.
Woansdeitenacht is it helder en by in swakke eastewyn leit de temperatuer tusken de +1 en -3 graden.
Tongersdei skynt de sinne, nei alle gedachten, de hiele dei. De wyn komt út it easten en wurdt yn ‘e middei matich. It sil in graad of 8 wurde.
Freed wurdt ek in strieljende maitiidsdei.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje