Waarpraatsje: Fêst maitiidswaar
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Oan it kreaze maitiidswaar liket mar gjin ein te kommen, mar fan it wykein ôf feroaret it waar dan lang om let wol wat. It bliuwt noch wol drûch.
Freedtenacht is it helder en op guon plakken kin it wer wat dampich wurde. By in swakke noarde- oant noardeastewyn leit de temperatuer krekt boppe it friespunt.
Sneon skynt de sinne wer flink, mar der binne wol wat hingelwolken en yn ‘e jûn is der mear bewolking. De noardeastewyn is swak oant matich en it wurdt 10 oant 14 graden.
Snein wikselje sinne en bewolking inoar ôf en by in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer om de 12 graden hinne.
Moandei is der mear bewolking, mar de sinne lit him grif noch wol sjen. By in swakke oant matige noardwestewyn wurdt it in graad of 13.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje