Waarpraatsje: Fêst maitiidswaar
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It tilt dizze moanne op fan de kreaze en drûge dagen mei in soad sinne en kâlde nachten. Dat bliuwt foarearst ek sa.
Tiisdeitenacht is it wer helder en by in swakke oant matige súdeastewyn friest it hast oeral in pear graden.
Woansdei is de sinne der ek wer de hiele dei by. De wyn komt út it súdeasten oant suden en is swak oant matich, mar yn it Waadgebiet stiet der sa út en troch wat mear wyn. Mei 10 oant 12 graden wurdt it wat mylder as de lêste dagen.
Toangersdei en freed is der wat mear bewolking, mar it wurdt noch wat mylder.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje