Waarpraatsje: Einepikewaar
Resint ferskynd

Sniksweach. Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Drûch, in hiel soad sinne en kâlde nachten. Dat binne de stekwurden fan dizze moanne. It biuwt hiel kreas waar.
Woansdeitenacht is it wer helder en by in swakke oant matige súdeastewyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.
Tongersdei skynt de sinne hast de hiele dei, mar wat hege bewolking is net útsletten. De súdeastewyn boazet wat oan en wurdt matich. Mei in temperatuer fan om de 13 graden hinne is it in tige noflike maitiidsdei.
Freed is it ek oan ’e mylde kant, mar der is dan wol mear bewolking.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje