Utstalling ‘Kor Onclin: ferwûndering en ferûntrêsting’

maart 2, 2022 08:32 Fernijd

Kor Onclin ‘Blauwe-Regenboom’, 1989 (boarne: Tresoar)

Rasskilder Kor Onclin (Ljouwert, 1918-2003) hâldt fan it libben en ferwûnderet him alle dagen oer de skjintme fan de dingen. Hy toant hertstochtlik en útsprutsen de skjintme fan in lânskip en syn fassinaasje foar de minske. De kleuren fan Kor Onclin binne dy fan in pasjonearre en yntins libjende minske, mar yn syn palet sitte ek tinten dy’t in oare kant fan him sjen litte. Fan 6 maart o/m 3 maaie 2022 presintearret Tresoar it fassinearjende wurk fan Onclin yn de tentoanstelling Kor Onclin: Verwondering & Verontrusting. De tentoanstelling is te sjen yn Obe, poadium foar Fryske kultuer, ûnderdiel fan Tresoar. 

Besibbens, ferwûndering & ûngerêstens, portret en spul
Mei in seleksje skilderijen en objekten wurdt oan ’e hân fan fjouwer tema’s Onclin syn wurk presintearre.

Besibbens. Byldzjende keunst, muzyk en poëzy komme byinoar. Fryske dichters binne útnûge om in gedicht te skriuwen ynspirearre op in keunstwurk út de tentoanstelling. In stikmannich gedichten is yn de tentoanstelling opnommen.

Ferwûndering & ûngerêstens. Ferwûndering oer alles wat de wrâld, de minske en de natuer te bieden hat en tagelyk de ûngerêstens oer destruktive krêften yn de wrâld en wat minsken inoar oandogge.

Portret. It ‘wêzen’ fan de minske, dêr’t Onclin laach foar laach nei siket. De kreëarre personaazjes fan Onclin toane it gemoed: ferwûndering, earnst, humor, myldens en moederaasje.

Kor Onclin ‘L’Univers du Poète-III’, 1986 (boarne: Tresoar)

Spul. Karakteristyk troch de mear geometrysk abstrakte foarmen, it ûnbefongene, spontane en oarspronklike.

It ûntwerp fan de tentoanstelling is ta stân kommen yn gearwurking mei ûntwerpburo Lokaalwerk. De gearstalling fan tekst en byld is dien yn gearwurking mei Marleen Onclin.

Lêzing Spel met verf troch Marleen Onclin
Wat is it ferhaal fan Kor Onclin? Hoe seach syn libben derút? Hoe stie er yn it libben en wat fertelt er mei syn keunst? Marleen Onclin jout dy antwurden yn har lêzing Spel met Verf op 24 maart yn Obe.

Literêre jûn mei dichterskollektyf RIXT
Op 1 april is der in literêre jûn yn Obe. Acht dichters fan dichterskollektyf RIXT drage de gedichten foar dy’t se by it wurk fan Kor Onclin skreaun hawwe. Nei harren oandiel is it poadium frij foar wa’t it moai fynt om ek in gedicht foar te dragen. Der sil ek muzyk te hearren wêze.

Hâld foar it folsleine programma de webside en Facebookside fan Tresoar yn ’e gaten.

Obe, poadium foar Fryske kultuer
Adres: Heer Ivostraatje 1, 8911 DP Ljouwert
Iepeningstiden: tiisdeis o/m sneins fan 11.00-17.00 oere

Boarne: Tresoar

maart 2, 2022 08:32 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.