Abnormaal hege temperatueren op Noard- én Súdpoal
Resint ferskynd
Sawol op ’e Noardpoal as op Antarktika is it de ôfrûne dagen gâns waarmer as normaal. Waarstasjons op ’e Súdpoal notearren rekôrtemperatueren. Yn guon gebieten wie it fjirtich graden waarmer as normaal om dizze tiid fan it jier. Parten fan de Noardpoal wiene tritich graden waarmer as normaal.

Súdpoal (foto: pixabay.com)
Yn it plak Vostok op Antarktika, op sawat 3500 meter hichte, wie it freed mei -17,7 graden Celsius in ûnwenstich hege temperatuer. Oan ’e kust waarden temperatueren fan goed 7 graden boppe it friespunt metten, berjochtet The Washington Post. Dat wylst de simmer op it súdlik healrûn hast ôfrûn is, en de temperatueren op Antarktika just sakje moatte soene.
Op ’e Noardpoal waarden ôfrûne wike temperatueren om it friespunt hinne metten. Oan ’e ein fan ’e winter en it begjin fan ’e maitiid lizze de temperatueren dêr gewoanwei folle leger, om -25 graden hinne.
Tsjinstelde seizoenen
Dat it op beide poalen tagelyk sa waarm is, is opmerklik. “It binne tsjinstelde seizoenen. Wy sjogge it op de Noardpoal en de Súdpoal nea tagelyk teien”, seit de Amerikaanske iiswittenskipper Walt Meier tsjin parseburo The Associated Press. “It is tige útsûnderlik”, seit ek NOS-waarman Gerrit Hiemstra.
De ekstreem hege temperatueren op ’e Noard- en Súdpoal wurde feroarsake troch legedrukgebieten. Foar de Noardpoal jildt dat in legedrukgebiet by it easten fan Kanada en de Feriene Steaten waarme lucht út it suden nei it noarden stoot. En by Antarktika leit in searje legedrukgebieten dy’t waarme lucht oer in grut part fan it kontinint streame lit.
Gefolch fan de hege temperatueren is dat der relatyf in protte iis teit. Op ’e Noardpoal is it iis sûnt febrewaris al oan it teien, wylst dat gewoanwei pas heal maart begjint. Sûnt de earste mjitting yn 1979 wie der oan ’e ein fan de simmer op it súdlik healrûn noch nea sa’n bytsje see-iis op Antarktika. Der is no minder as twa miljoen fjouwerkante kilometer iis om it kontinint hinne. In protte fan it iis sil de kommende moannen wol wer oangroeie, no’t it op it súdlik healrûn hjerst en winter wurdt.
Wittenskippers binne der noch net hielendal wis fan oft de ûnwenstich hege temperatueren oan klimaatferoaring ta te skriuwen binne. Dat is better fêst te stellen as dy hege temperatueren faker op ’e poalen foarkomme en der dus sprake is fan in trend. “Mar sûnder klimaatferoaring soe dit net foarkommen wêze”, seit Hiemstra.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje