Undersyk: oarloch yn Oekraïne hat net folle ynfloed op stimkar
Resint ferskynd
De oarloch yn Oekraïne hat amper ynfloed op hoe’t Nederlanners by de gemeenteriedsferkiezingen fan takom wike woansdei stimme. Dat docht bliken út ûndersyk fan buro Kantar.
Yn in represintative stekproef ûnder hast 1200 minsken seit tweintich persint dat de oarloch ynfloed op harren stimkar hat, lykwols hat by mar fiif persint fan de ûnderfrege minsken de oarloch ridlik folle of in hiele protte ynfloed. Hast twatredde fan de minsken (63 persint) seit dat de oarloch gjin ynfloed op harren stimkar hat. De rest fan de ûnderfrege minsken is hielendal net fan doel om te stimmen. Der sille troch de oarloch ek net gâns mear minsken nei de stimbus gean: twa persint fan de minsken dy’t oanjoech earst net te stimmen, sil dat no dochs dwaan.
Undersiker Manuel Kaal fan Kantar neamt it in “marzjinaal effekt”. “Troch de oarloch yn Oekraïne seit santich persint fan de Nederlanners him hieltyd mear bewust te wêzen fan it belang fan in sûne demokrasy. Dochs sil de oarloch net liede ta in grutte rin op de stimbussen.” Hy wiist derop dat Nederlanners it nijs oer de ferkiezingen as gefolch fan de oarloch minder yntinsyf folgje.
Kantar hat ek ûndersocht oft de opfang fan flechtlingen yn ’e eagen fan de kiezers in wichtich tema by de kommende ferkiezingen is. Ien op de tsien minsken fynt fan wol en in fearn fynt fan net. De enerzytransysje wurdt troch folle mear minsken (35 persint) as wichtich ûnderwerp sjoen. Neffens it ûndersyk litte in protte minsken blike dat it stânpunt fan politike partijen oer de opfang fan flechtlingen út Oekraïne harren stimkar noch beynfloedzje kin.
69 persint fan de minsken hat noed dat de oarloch de kommende tiid slimmer wurdt. Goed njoggen op de tsien minsken ferwachtet dat de oarloch tige negative of negative gefolgen hawwe sil. Minsken hawwe foaral noed oer finansjele saken, lykas it fierder efterút buorkjen fan de keapkrêft, in resesje of in ûnbetelbere enerzjyrekken.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje