Trije Russyske kosmonauten freed by ISS oankommen
Resint ferskynd
Trije Russyske kosmonauten kamen ofrûne freed yn it ynternasjonaal romtestasjon ISS oan. Sy diene dat yn knalgiele overalls mei opfallende blauwe stiksels op boarst en skonken. Dy kleuren dogge fuortdaliks tinken oan de Oekraynske flagge.
Foar de lansearring nei ISS droegen de trije wyt mei blauwe romtepakken. Ferskate media skriuwe dat harren kommandant Oleg Artjomejev flak foar de keppeling oan it ISS in blau pak droech. De fraach komt op oft se dêrnei de gielblauwe overalls oanlutsen hawwe om foar it each fan de Russyske telefyzjesjoggers harren solidariteit mei it Oekraynske folk sjen te litten.
De bemanning ûntkent dat lykwols. “Wy wiene oan bar om de kleur út te sykjen”, stelde kommandant Artjomejev nei oankomst op in fraach fan in sjoernalist. “Wy hiene noch in protte giele stof oer, dat wy moasten dy brûke.” Dat ferklearret lykwols de blauwe aksinten op skonk en boarst net. De Russyske romtefeartorganisaasje Roscosmos seit dat der gjin politike ferklearring efter de overalls skûlgiet. “Soms is giel gewoan giel”, seit de parsetsjinst. En oer it blau: “De pakken fan de nije bemanning binne makke yn ’e kleuren fan it wapen fan de Technyske Steatsuniversiteit fan Moskou (BMSTU), dêr’t de trije kosmonauten ôfstudearre binne”, seit Roscosmos. “Om oeral de Oekraynske flagge yn te sjen is waansin.”
Besjoch in film fan NASA:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje