Tongersdeitemoarn Russysk-Oekraynsk petear oer wapenrêst

maart 2, 2022 19:57

Wylst der wakker fochten wurdt yn ‘e Oekraïne, dogge diplomaten alle war om pratendewei slimmer foar te kommen. Tongersdeitemoarn ûnderhannelje fertsjintwurdigers fan it Oekraynske en Russyske regear oer wapenrêst. It petear wurdt fierd yn Wyt-Ruslân.

Foar Ruslân nimt Wladimir Medinsky diel oan it petear, foar de Oekraïne is dat Mychajlo Podoljak. It Russyske leger sil soargje dat Podoljak feilich it lân út komme kin, docht it Russyske parseburo TASS te witten.

Ruslân hat te witten dien dat by de ynfal yn ‘e Oekraïne fiifhûndert Russyske soldaten sneuvele binne. In grut konfoai fan legerreauwen is ûnderweis nei de haadstêd Kiev ta.

maart 2, 2022 19:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.