Theo Hiddema stapt út senaatsfraksje FvD
Resint ferskynd

De yn Holwert berne senator Theo Hiddema stapt út de fraksje fan Forum voor Democratie yn de Earste Keamer. Hy en fraksjefoarsitter Paul Frentrop splitse har ôf en nimme harren sit mei.
Hiddema en Frentrop hawwe it beslút naam om’t de Twadde Keamerfraksje fan Forum voor Democratie bekend makke net by de speech fan de Oekraynske president Volodomir Zelenski te wêzen. De mannen sizze harren lidmaatskip fan de partij ek op. Foar partijlieder Thierry Baudet kaam it as in ‘ferrassing en teloarstelling.’ Der bliuwt no mar ien FvD-senator oer: Johan Dessing fan Zaandam.
Hiddema stapte earder út de Twadde Keamerfraksje fan FvD, om’t er syn nocht hie fan útspraken fan Thierry Baudet dêr’t opskuor fan kaam. Benammen dy syn ferliking tusken it koroanabelied en de Twadde Wrâldoarloch laten by him ta argewaasje.
Boarne: Omrop Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje