Studinten Frysk op stúdzjereis yn Sealterlân
Resint ferskynd

Studinten Frysk en harren dosinten fan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert wiene hjoed op stúdzjereis yn Sealterlân. Dat is in gemeente yn Dútslân dêr’t Frysk praat wurdt. It Sealterfrysk is wol wat oars as it Frysk fan de provinsje Fryslân, mar de studinten koene it goed begripe, sa fertelt dosint Henk Wolf, dy’t ek as wittenskiplik meiwurker foar it Sealterfrysk wurket.
De studinten hiene yn it foar al berjochten mei minsken yn Sealterlân útwiksele en hja hiene meartalige fûgelposters makke, dy’t hja oan in pleatslike skoalle oerlangen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje