Stichting Krúspunt betinkt Bernard Smilde
Resint ferskynd

Bernard Smilde (foto: Stichting Krúspunt)
It is dit jier hûndert jier lyn dat Bernard Smilde berne waard. Dêrom dat de Krúspuntdei op sneon 9 april yn Akkrum yn it teken fan dy markante Fries stean sil. Op dy dei is der de jierlikse gearkomste fan Krúspunt, de stichting dy’t as netwurk fungearret foar alle organisaasjes en al dyjingen dy’t it goed miene mei it brûken fan de Fryske taal yn tsjerke. De dei is frij foar elkenien tagonklik
Nei de ynrin om 10.00 oere yn de Lantearne, it gebou neist de doarpstsjerke, begjint in heal oere letter it húshâldlik diel fan de dei. Dêrnei sil sjongend en harkjend omtinken jûn wurde oan it libben en wurk fan dominy Bernard Smilde.
Alex Riemersma sil prate oer it tritichjierrich bestean fan de Fryske fesper yn Ljouwert, dêr’t Smilde ien fan de inisjatyfnimmers fan wie. Lútsen Kooistra sil it hawwe oer de nije Fryske Bibeloersetting. Dy oersetting sil de opfolger wurde fan de oersetting dêr’t Smilde redaksjesekretaris fan wie.
It middeisprogramma begjint om 13.00 oere. Dan behannelje Liuwe Westra en Geart van der Heide Smilde as oersetter en as musikus. It Kwartettekoar ûnder lieding fan Feike van Tuinen ferlient syn meiwurking.
De middei wurdt ± 15.30 oere yn de styl fan Bernard Smilde mei in fesper ôfsletten.
Minsken, dy’t dizze dei meibelibje wolle wurdt, yn ferbân mei de catering, frege om har fia www.kruspunt.frl of adm@kruspunt.nl op te jaan en dêrby te setten oft se de hiele dei of allinne de moarns of de middeis komme.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje