Sosjale media beheine tagong ta Russyske steatsmedia yn EU

maart 1, 2022 09:14

Memmebedriuw Meta fan Facebook en Instagram makket de tagong ta de Russyske steatsmedia RT en Spoetnik yn ’e Europeeske Uny dreger. Dat lit de eardere Britske vice- premier Nick Clegg, no topbestjoerder by Meta, op Twitter witte. It Sineeske TikTok hat de tagong yn ’e EU ek beheind.

Foto: pixabay.com

It beslút fan Meta folget op tanimmende druk út de EU wei om mear te dwaan tsjin desynformaasje oer de oarloch yn de Oekraïne. Dêrby wurdt faak nei Russyske steatsmedia wiisd, dy’t konsekwint de sjenswize fan presidint Poetin ferspriede. Dy media hawwe miljoenen sjoggers en folgers by platfoarmen lykas Facebook en YouTube. De tagong ta dy media út de EU wei wurdt no dus beheind, seit Clegg op Twitter. Ferskate Europeeske regearen en de EU hawwe de techreus oantrune om dat te dwaan. Hy leit út dat de beslissing nommen is fanwege “it útsûnderlike karakter fan de aktuele situaasje”.

maart 1, 2022 09:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.