SLAH presintearret: in jûn mei Vamba Sherif
Resint ferskynd

Vamba Sherif (boarne: SLAH)
Op tiisdei 5 april ferwolkommet de SLAH (Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen) de meartalige Liberiaansk-Nederlânske skriuwer Vamba Sherif (1973) yn Museum Belvédère te Oranjewâld.
Sherif flechte yn de Golfoarloch mei syn famylje nei Nederlân en wennet no al jierren yn Grins. Syn earste roman ferskynde yn 1999. Yn syn nijste boek Ongekende liefde fertelt Sherif oer syn bysûndere en pynlike libbensskiednis. Dêryn spylje de froulju yn syn libben in grutte rol.
Reguliere tagong: € 10,-
Donateurs fan de SLAH: € 5,-
Allinnich kontant beteljen mooglik.
Seal iepen: 19.30 oere | Oanfang: 20.00 oere.
Ynformaasje en kaartsjes: www.slahheerenveen.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje