Skip mei tûzenen piperdjoere auto’s sinkt by Azoaren

maart 3, 2022 08:43 Fernijd

In frachtskip dat sa’n fjouwertûzen auto’s ferfierde, is foar de kust fan de Azoaren sonken. It skip en de lading wiene al skansearre troch in brân dy’t twa wike lyn oan board útbruts en dêr’t it skip stjoerloas troch rekke.

Azoaren Portugal (foto: pixabay.com)

De 22-koppige bemanning fan de Felicity Ace waard by de brân fan board helle troch de Portugeeske kustwacht. It Nederlânske bergingsbedriuw Smit Salvage hat it skip nei de brân stabilisearre, mar dat hat úteinlik net holpen. Hege weagen op de Atlantyske Oseaan makken dat it frachtskip sonk. Neffens de rederij is der noch gjin sprake fan oaljefersmoarging yn ’e omkriten fan it skip.

De Felicity Ace hie ûnder mear nije Porsches, Audi’s, Bentleys en Lamborhini’s oan board. Dy moasten foar eigner Volkswagen fan Dútslân nei de Amerikaanske steat Rhode Island ferskippe wurde. Neffens rûzing wiene de auto’s byinoar 393 miljoen euro wurdich. In fersekerder fergoedet de finansjele skea, skriuwe Dútske media.

maart 3, 2022 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.