Skilderij fan Abe Lenstra troch Jeanne Bieruma Oosting te sjen

maart 28, 2022 08:51

‘Abe Lenstra’ troch Jeanne Bieruma Oosting (boarne: Museum Belvédère)

Nei in speurtocht is no it skilderij te sjen dat keunstneresse Jeanne Bieruma Oosting (1898-1994) makke fan fuotballer Abe Lenstra yn it tenu fan Sportklup Ynskedee.

It doek waard yn 2010 útliend oan it Fuotbalmuseum yn Middelburch, en dêrnei ferdwûn it út it sicht. Nei in syktocht en in oprop fan Johan Derksen yn it telefyzjeprogramma Voetbal Inside dûkte it skilderij koartlyn op en kaam it by eigner Jan Smit werom.

Smit stelde it doe beskikber foar presintaasje yn Museum Belvédère. Dêr is it de opmjitte foar de útstalling fan Jeanne Bieruma Oosting dy’t it museum yn it ramt fan de Simmer fan Jeanne fan 9 april oant en mei 21 augustus 2022 organisearret.

Mear oer de útstalling.

maart 28, 2022 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.