Skearnegoutum wer damkampioen

maart 21, 2022 11:24

EASTEREIN – Nei in jier ûnderbrekking koe it klupkampioenskip yn it Frysk damjen ôfrûne sneon dochs noch holden wurde, ek al wie it twa moanne letter as gewoanlik. Dat makke mooglik dat der wat minder flecht op ’e koai wie as earder. En koroana hie ek noch altyd syn slachtoffers.

It slimst ferswakke wie Aldegea-SWF. Net allinne dat de klup mar ien achttal ôffurdigje koe, sels dat wie net iens folslein, trochdat op it lêste stuit de sterke Siebe Walinga ôfsizze moast. Dat betsjutte dat al fêst ien partij automatysk ferlern gie. Mar de oare ûnderste buorden wiene ek net sterk beset, en dêr hie Aldegea allegeduerigen lêst fan. Yn ’e earste omloop, tsjin Lollum-Waaksens, gie it dan ek fuortdaliks al mis: 3-5. En dat wiene ek de sifers dêr’t de Aldegeasters tsjin promovendus Blauhús mei kopke-ûnder giene.

De regearjend kampioen Skearnegoutum stie der ûnderwilens folle better foar. Nei goed twa jier koe dy yn ’e selde en noch altyd sterke opstelling efter de buorden sitten gean. En dat wie te sjen. Yn ’e earste omloop waard Blauhús fuortdaliks mei 7-1 fan ’e buorden reage, en dêrnei waard Lollum mei 2-6 teplak wiisd. Soks nettsjinsteande dat de Lollumers har fersterke hiene mei in pear bûtenleden, lykas de Belch Renaud Braye.

En doe wie it oan ’e tredde omloop ta. Wat op papier programmearre wie as in spetterjende apoteoaze, dat waard yn ’e praktyk in raren ôfdijer. Aldegea hie tsjin Skearnegoutum neat oars yn te bringen as lege briefkes. It waard in seldsum foarkommend 0-8 ferlies. Foar de Aldegeasters betsjutte it degradaasje. Fierder as mar seis buordpunten wiene se ek net kommen.

Folkert Groenveld (Aldegea) en Marten Walinga (Lollum-Waaksens) djip yn konsintraasje. Foto Dambûn Frysk Spul

Hiel oars wie ûnderwilens de stimming by Blauhústers. Net allinne hiene se Aldegea ferslein, mar yn ’e tredde omloop holden se har ek hiel knap steande tsjin Lollum. It waard úteinlik in 4-4 lykspul, en mei mar ien buordpuntsje mear hiene se sels it twadde plak beset.

Alhiel neffens ferwachting wie Hartwert yn ‘e earste klasse oppermachtich. Wol ferrassend wie hjir  it optreden fan Jorwert, dat mei in ombocht yn dizze klasse meidwaan mocht en no knap it twadde plak besette.

Utslaggen en einstannen
Kampioensklasse, earste omloop: Skearnegoutum – Blauhús 7-1; Aldegea – Lollum-Waaksens 3-5.
Twadde omloop: Lollum-Waaksens – Skearnegoutum 2-6; Blauhús – Aldegea 5-3.
Tredde omloop: Aldegea – Skearnegoutum 0-8; Blauhús – Lollum-Waaksens 4-4.
Einstân, mei tusken heakjes de buordpunten: Skearnegoutum 3 (21); Lollum-Waaksens 1,5 (11); Blauhús 1,5 (10); Aldegea 0 (6).

Earste klasse, earste omloop: Hartwert II – Jorwert 2,5-5,5; Lollum-Waaksens II – De Gaastmar 1,5-6,5.
Twadde omloop: Hartwert I – Hartwert II 7-1; Jorwert – Lollum-Waaksens II 7,5-0,5.
Tredde omloop: De Gaastmar – Jorwert 3,5-4,5; Lollum-Waaksens II – Hartwert I 0,5-7,5.
Fjirde omloop: Hartwert I – De Gaastmar 6,5-1,5; Hartwert II – Lollum-Waaksens II 7-1.
Fiifde omloop: De Gaastmar – Hartwert II 4,5-3,5; Jorwert – Hartwert I 3-5.
Einstân: Hartwert I 4 (26); Jorwert 3 (20,5); De Gaastmar 2 (16); Hartwert II 1 (14); Lollum-Waaksens II 0 (2,5).

maart 21, 2022 11:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.