Sieperda-sympoasium oer nijskultuer yn Fryslân
Resint ferskynd
Op freed 8 april 2022 organisearje it Keninklik Frysk Genoatskip, de redaksje fan De Vrije Fries en it Histoarysk Sintrum Ljouwert it Sieperda-sympoasium ‘Fan nijsblêd oant podcast – oer nijskultuer yn Fryslân’ mei ferskate saakkundigen en sjoernalisten út de Fryske media.

Boarne: Keninklik Frysk Genoatskip
Nijs: doe, no en de takomst
De Fryske nijsmedia stiene jierrenlang ûnder druk troch ferlies oan abonnees, sjoggers en harkers. Troch ynternet en sosjale media binne nije mooglikheden ûntstien om in jonger en breder publyk te berikken. Sjoernalisten publisearje op safolle mooglik kanalen tagelyk en meitsje no ek nijsfideo’s en podcasts. Op lokaal nivo is de sjoernalistyk libben en lokale omroppen en nijswebsiden binne in prima biningsynstrumint. Dy ûntjouwingen foarmje oanlieding om stil te stean by de nijsproduksje en nijskonsumpsje yn Fryslân, yn de lêste desennia. Watfoar nijs berikt de Friezen, yn watfoar foarm en troch watfoar kanalen?
Sprekkers
- Sander Warmerdam (haadredakteur Leeuwarder Courant) oer de stân fan saken yn de regionale sjoernalistyk;
- Lysbeth Jongbloed (adviseur taalbelied provinsje Fryslân) oer it Frysk op sosjale media
- Bert de Jong (sjoernalist en inisjatyfnimmer Friese Mediacoöperatie) oer de dynamyk fan de regionale sjoernalistyk;
- Anne-Goaitske Breteler (histoarika, antropologe en skriuwster) oer de jonge generaasje en syn mediagebrûk;
- Wytse Vellinga (sjoernalist Omrop Fryslân en einredakteur lokale omrop LEO Middelsé) oer de lokale omrop as basis foar nije sjoernalistyk;
- Ingrid Spijkers (haadredakteur Omrop Fryslân) oer de krêft en macht fan sosjale mediakanalen.
De dei slút ôf mei in paneldiskusje ûnder lieding fan podcastmakker Jelte Posthumus oer hoe’t Fryske nijsmedia relevant bliuwe kinne foar de jonge generaasjes. Iepening fan de diskusje docht Marcel Broersma (heechlearaar media en sjoernalistike kultuer), de oare panelleden binne Anne-Goaitske Breteler en Ingrid Spijkers.
Datum en plak: freed 8 april 2022 yn Histoarysk Sintrum Ljouwert yn Ljouwert Tiid: 10.00-18.00 oere / Priis: € 25,- (deiprogramma), oanmelde foar 4 april. De fiertalen op it sympoasium binne Nederlânsk en Frysk. Foar mear ynformaasje oer programma, opjaan en betelje: www.koninklijkfriesgenootschap.nl/symposium/sieperda-symposium-2022.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje