Sa is it ôfrûn
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Ik haw justermiddei myn stim útbrocht by de ferkiezings foar de gemeenteried fan Waadhoeke.
Sûnder problemen waard myn stimpas (dêr’t ik njonken wenplak Franeker sels mei de hân “Frjentsjer” op ynfolle hie) troch de foarsitter fan it stimburo akseptearre.
Jehannes Elzinga
Frjentsjer
Kreas Jehannes!
No dogge wy de folgjende stap!
Fansels binne mear Frysktalige plaknammen de striid wurdich, mar Frjentsjer bliuwt dochs ien fan de stedsjes dêr’t stedsk praat wurdt.
Mei alle respekt, mar binne der net wichtiger saken om je te sappel oer te meitsjen? It is noch altyd wisânsje dat Friezen har ferbrekke wylst it normaal fûn wurdt dat Nederlânsktalige minsken gjin Frysk prate leare. Der is noch altyd amper in trijetalige skoalle te finen, hast allinnich yn de lytse doarpen. De berne-ophein is allinnich Hollânsktalich. Dan ha we ek noch de ymport fan arbeiders. Dy prate net Frysk, mar harren bern ek net.
Dêr moat aksje op komme dy’t der echt foar soarget dat folle mear minsken echt net om it Frysk hinne kinne.
We prate al 400 jaar stadsfries in Franeker, werom mut er dan voor deze beste man Frentsjer op et stembiljet staan. Miskien kin ie beter in Dokkum wonen gaan.
Wy binne bliid dat net alle Friezen sa sleau mei it Frysk omgean. Jehannes wol allinne mar syn rjocht brûke kinne. Dat de gemeente/it ryk soks net goed regele hat, kinne jo net by de boarger dellizze.
De TWF hat de gemeente it útstel dien om de doarpen Frysktalich en Frjentsjer mei de kombinaasjenamme Franeker-Frjentsjer yn de Gemeentlike Basisadministraasje op te nimmen. Dan kinne de Friezen Frjentsjer en de Stedsfriezen Franeker brûke.
Wol immen mear witte towufrysk@knid.nl
Selde sitewaasje jildt foar de oare stêden yn Fryslân. Krekt of wurdt dêr allinnich stedsfrysk en Hollânsk praat.
Ljouwert is bygelyks folle Frysker as Friezen en Ljouwerters sels tinke. Elts ferbrekt him, want och heden, yn Ljouwert soenen se gjin Frysk kenne en kinne. En yn myn paspoart stiet noch altiten Leeuwarden, mar ik bin berne yn Ljouwert!