Rjochter jout Volt fodskuorring, frou Gündogan werom yn fraksje

maart 9, 2022 22:26
Nilüfer Gündoğan (foto: Wikipedia/Bente Maria Hilkens, CC BY-SA 4.0)

De partij Volt hie Nilüfer Gündogan nea út ‘e Twadde Keamerfraksje sette mocht. Dat oardiele de rjochter woansdei yn in koart pleit. De partij moat har fuortendaliks wer opnimme yn ‘e fraksje en har boppedat in skeafergoeding fan fiiftûzen euro betelje.

Frou Gündogan waard yn febrewaris út ‘e fraksje set. Hja mocht ek gjin politike taken mear útfiere, neffens Volt. Neffens de partijlieding wiene der klachten oer har ynkommen, mar hja koe net gewaarwurde wat se krekt misdien hawwe soe. Letter makke Volt buorkundich dat minsken har beskuldige hiene fan machtsmisbrûk en frijpostigens. Frou Gündogan seit dat dêr neat fan wier is.

De rjochter seit dat it karbrief fan Volt gjin mooglikheid jout foar de maatregels. De partijlieding hie frou Gündogan ek fertelle moatten wêr’t hja fan beskuldige waard en hja hie de mooglikheid krije moatten en jou wjerwurd. Fierder hie hja, as se wier wat misdien hawwe soe, earst warskôgings krije moatten foar’t se straft wurde soe. En de partij hie pas straffe mocht as de skuld fan frou Gündogan fêststeld wie. De partij hat de beskuldigings troch in ûndersyksburo ûndersykje litten en dat hat syn ûndersyk noch net ôfrûne.

Volt en frou Gündogan sille mei help fan in bemiddeler besykje om it wer iens te wurden. Frou Gündogan hat te witten dien dat hja de skeafergoeding oermakket op giro 555 foar de slachtoffers fan ‘e Russyske ynfal yn ‘e Oekraïne.

maart 9, 2022 22:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.