Ried fan de Fryske Beweging nimt ôfskied fan bestjoersleden en siket nijen
Resint ferskynd
Moandeitemiddei, op in bûtenwenstige bestjoersgearkomste fan de Ried fan de Fryske Beweging yn It Reade Hynder yn Wommels, wie it ôfskied nimmen fan skriuwster Folkje Koster foar Pier Bergsma syn lêste offisjele died as foarsitter. In pear minuten letter gie er sels ôf.
Folkje Koster wie sûnt healwei 2017 lid fan it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging. Yn de funksje fan twadde skriuwer fersoarge se foar bestjoers- en redakjsegearkomsten ûnder oare wurklisten, oantekens en organisatoaryske saken. Foar It Nijs makke se yn it ferline de rubryk Sprekwiis; no noch de Opfrysker. Hikke en tein yn Ryptsjerk wie frou Koster it praten fan it Frysk mei de brijleppel ynjûn. It skriuwen dêrfan hat se yn ’e macht krigen troch it folgjen fan kursussen by de Afûk. Mei it publisearjen fan gedichten en it bestjoerswurk foar de Ried wol se meiwurkje oan it libben hâlden fan it Frysk. De bestjoersleden en meiwurkers krigen fan har in bondel mei eigen gedichten as ôfskiedskado. Earder wie Koster (1963), bestjoerssekretaresse by de gemeenten Ferwerderadiel en Dongeradeel, no is se griffymeiwurker fan de gemeente Achtkarspelen. Om’t it har te drok is njonken har deistich wurk, leit se nei goed fjouwer jier har bestjoersfunksje by de Ried fan de Fryske Beweging del. Se bliuwt noch wurksum as redaksjelid fan tydskrift DE NIJE. Yn it maartnûmer dat op kommende wei is, stiet in bydrage fan har oer it doarp Ryptsjerk.

Ponghâlder Arjen Dykstra (rjochts) hold in koarte ôfskiedsrede foar Pier Bergsma en lange him in slúfke mei ynhâld oer as tank foar syn krewearjen. Foto: It Nijs
Foarsitter Pier Bergsma wie de lêste jierren it gesicht fan de Ried fan de Fryske Beweging nei bûten ta. Hy ûnderhold de ynternasjonale kontakten fan de Ried (ûnder oare by de FUEN) en hie de organisaasje fan de jierlikse Fedde Schurerlêzing op ‘e noed. Dêrneist wie er ûnder mear as adviseur belutsen by it boargerinisjatyf fan Sis Tsiis en de Brede Maatskiplike Diskusje Frysk. Hy is – en bliuwt foarearst – einredakteur fan DE NIJE. Hy hat in wyklikse kollum op It Nijs en skriuwt út en troch yn deiblêden oer it Frysk. De bestjoersleden en meiwurkers krigen fan him in bondel mei in priiswinnend ferhaal fan syn hân as ôfskiedskado. Bergsma giet nei trije terminen fan fjouwer jier as besjoerslid reglemintêr ôf. It is de bedoeling dat er yn de maitiid noch in gearkomste oer de takomst fan de Fryske Beweging foarsit, dy’t op ’t heden op priemmen set wurdt. Bergsma (Amsterdam 1944) studearre nei de Kweekskoalle Nederlandse taal en Letterkunde (RUG) mei as byfakken Ingelsk en sosjolinguistyk. Hy wurke û.o. as direkteur fan in basisskoalle yn Hurdegaryp en Noardburgum. Hy wie mear as 14 jier as ûnderwiiskollumnist ferbûn oan it Friesch Dagblad. Yn it winterskoft jout er in kursus Frânske Taal oan folwoeksenen. Sûnt 1970 is er troud mei Hinke Rozema. Se hawwe twa soannen dy’t yn Delft en Rotterdam wenje. En der binne bernsbern dêr’t pake no mear tiid foar hat.
It deistich bestjoer fan de Ried bestiet no noch mar út fjouwer leden. It is oant no ta net slagge om minsken ree te finen om in sit yn it bestjoer te nimmen. Om’t dat in nuodlike saak is, docht de Ried fan de Fryske Beweging in driuwende oprop: “Wolle jim jim graach ynsette foar de Fryske saak of witte jim minsken dy’t dêr geskikt foar binne, lit it ús witte.” Dat kin telefoanysk oan âld-foarsitter Pier Bergsma: 0511-47 30 08 of 06-1143 8445, of oer de mail: ynfo@fryskebeweging.frl.
Wêrom net de Ynterfryske Ried en Ried fan de Fryske Beweging gearfoegje?
De Ynterfryske Ried Seksje West soe de heechste fertsjintwurdiger yn ús Fryslân wurde moatte, krekt as yn East-Fryslân en Noard-Fryslân. No hawwe wy hjirre in ferskriklike konstruksje en de minsken witte net wat se noch stypje moatte.