Rie fan Europa ûndersiket Frysk taalbelied yn Dútslân

maart 30, 2022 14:04
De wittenskipsgroep fan de Rie fan Europa by it kantoar fan de Fryske Rie yn Bräist, mei in groep Noard-Friezen (foto: Fryske Rie)

Dizze wike hat de Rie fan Europa yn Dútslân ûndersyk dien nei it belied foar minderheidstalen lykas it Frysk. In groep wittenskippers wie moandei yn Noard-Fryslân en tiisdei yn it Sealterlân en East-Fryslân om mei de Friezen dêr te praten oer it taalbelied.

De groep bestie út de taalwittenskippers Igor Lakic en Natasa Komac en de rjochtswittenskipster Beate Sibylle Pfeil. Harren taak wie om yn de praktyk nei te gean oft de Dútske oerheden alles foar it Frysk dogge wat yn it Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden stiet. Dat is in ynternasjonaal ferdrach dêr’t nasjonale oerheden saken yn tasizze dy’t hja dwaan sille foar it stypjen fan lytse talen dy’t fanâlds yn harren lân praat wurde. De Rie fan Europa lit alle trije à fjouwer jier hifkje oft dy tasizzings wol neikommen wurde.

De Fryske Rie yn Noard-Fryslân docht te witten dat der ferskate saken oan it ljocht kamen dy’t foar it Noard-Frysk noch net goed regele binne. Benammen yn it ûnderwiis en yn de media hat it Frysk in te beheind plak. De Sealterfriezen diene ek te witten dat it plak fan it Frysk op harren skoallen te beheind wie en fierder dat it behâld fan de eigen taal foaral in saak is fan frijwilligers. Oars as bygelyks de Sorbyske en de Deenske minderheid hawwe de Friezen yn Dútslân mar in hantsjefol profesjonele krêften dy’t oan it behâlden en emansipearjen fan de taal wurkje.

maart 30, 2022 14:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.