Resten fan Romeinsk skip fûn by oanlis provinsjale dyk
Resint ferskynd
By de bouwurksumheden fan de Rijnlandrûte by it Súd-Hollânske Valkenburg binne resten fûn fan in skip dat nei alle gedachten út de Romeinske tiid stamt. It giet om planken dy’t by in tritich meter lang frachtskip út de earste iuw nei Kristus lykje te hearren. Fierder ûndersyk moat dat noch útwize.

Rijnlandrûte (kaart: Wikipedia/Provinsje Súd-Hollân – CC BY-SA 4.0)
De resten kamen by graafwurk foar in nije provinsjale dyk tefoarskyn. Projektarcheolooch René Isarin neamt it in tafalstreffer. “Hoewol’t wy it net foar ûnmooglik holden dat dêr earne in skip lizze soe, is de kâns dat men yndie wat fynt tige lyts”, seit er. “Ik hie der sels net folle fidúsje yn.” It giet om in seldsume fynst foar Súd-Hollân. “Fan ierdewurk en metaal witte we in protte, mar Romeinske boaten wurde net sa faak fûn”, seit Isarin.
Wat de fynst fierder bysûnder makket, is de bouwize fan it skip. De planken wize op in mediterraanske styl. Mar se binne makke fan ikehout, in houtsoarte út Noardwest-Europa dy’t net faak brûkt wurdt by skippen út it Middellânske Seegebiet, leit Isarin út. Boppedat binne yn ’e planken spoaren fan in saneamde pen-gat-technyk te finen. “It is de earste kear dat wy sa’n ferbining yn in Romeinske platboaiem fûn hawwe”, seit de archeolooch. “De measte skippen út de Romeinske tiid hawwe spikers en klinkneils. Dit is in tige spesifike manier om planken te befêstigjen.”
Archeologysk ûndersyk moat noch útwize wat it krekte komôf fan it skip is en wêr’t it foar brûkt waard. Der wurdt ek noch nei it hout sjoen om sa út te finen út hokker jier it skip krekt komt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje