Rapport: striemin steld mei de natuer yn Nederlân
Resint ferskynd
De steat fan de Nederlânske natuer is “planút min”. It belied om de natuerkwaliteit te ferbetterjen sjit op in protte punten tekoart. Doelen dêr’t Nederlân him oan kommitearre hat, lykas oeral skjin oerflak- en grûnwetter yn 2027, wurde dêrom nei alle gedachten net helle. Dy hurde konklúzjes lûkt de Rie foar de leefomjouwing en ynfrastruktuer (Rli) yn in rapport dat oan minister Van der Wal foar Natuer en Stikstof oanbean is.

Eastfardersplassen (foto: GerardM at nl.wikipedia – CC BY-SA 3.0)
Neffens de rie hat de minne kwaliteit fan de Nederlânske natuer ferskate oarsaken. Alderearst is de definysje dy’t fan natuer hantearre wurdt, te beheind. De oerheid rjochtet him neffens it rapport te folle op beskerme natuergebieten, sûnder te beseffen dat dy ûnderdiel fan grutte ekosystemen útmeitsje. “In protte bisten brûke ommers omlizzende gebieten om fretten te finen, of trochkruse dy gebieten op trektocht nei de plakken dêr’t se oerwinterje.”
De rie advisearret dêrom in folle “ynklusiver” natuerbelied. “Foar in grutskalige ferbettering fan it bioferskaat is it essinsjeel dat it natuerbelied ferbrede wurdt. It belied sil him rjochtsje moatte op alle grien yn Nederlân, dus sawol op ’e natuer yn beskerme gebieten as dêrbûten”, skriuwe de ûndersikers.
Spesifyk moat de direkte wenomjouwing folle griener wurde. Net allinnich om’t dat goed is foar it bioferskaat, mar ek “fanwege it belang fan in griene leefomjouwing foar de sûnens en it wolwêzen fan minsken.” Foar alle boargers moatte der op fyts- of rinôfstân natuergebieten wêze. Dat de kwaliteit fan de natuer sa ôftakelje koe, komt neffens de rie troch “kollektyf ferlies fan ûnthâld”. Stadichoan binne troch de jierren hinne gâns wat plante- en bistesoarten út Nederlân ferdwûn. “Wy witte net wat we misse, om’t we it sels amper kend hawwe. Wy kinne ús amper in foarstelling meitsje fan de natuerlike rykdom dy’t noch mar koart efter ús leit.”
De rie konkludearret ek dat it natuerbelied te min mei oare fraachstikken ferbûn wurdt, lykas wentebou, enerzjytransysje en ferduorsuming fan de lânbou. Wat de rie oanbelanget komt der foar de ferskate regio’s in oanpak dêr’t alle fraachstikken yn ien plan yn meinommen wurde. Dêrfoar moatte oerheden op alle nivo’s, fan Ryk oant gemeente en wetterskippen, gearwurkje en ek private partijen lykas de bousektor deryn behelje.
As elk syn tún no ris grien makket, ynstee fan der in blauwe stien- of tichelflakte fan te meitsjen?