Provinsje stipet digitalisearring museumkolleksjes en kennis

maart 13, 2022 08:33

Ynwenners fan Fryslân kinne skielk sels aktyf bydrage oan it ferrykjen en tagonklik meitsjen fan kolleksjes yn musea. Provinsje Fryslân hat € 150.000 subsydzje takend oan it projekt Fan de Souder. Yn dat projekt, ûnder lieding fan Museumfederaasje Fryslân, sille op syn minst tritich Fryske musea de kommende twa jier mei harren kolleksje teset. De musea diele, mei ynbring fan de mienskip, harren kennis oer de ûnderwerpen en meitsje dy foar it publyk digitaal sichtber.

It Prinsessehof yn Ljouwert (foto: Ruben van Vliet)

Fan de Souder follet it hiaat dat by de pandemy bleatlein is. It projekt makket Fryske kolleksjes en besteande kennis dêroer duorsum, digitaal en iepenbier tagonklik. Elkenien kin skielk ynformaasje rieplachtsje en oandrage. De iepenbiere, digitale kennisbak ferfollet ek in rol as ynspiraasjeboarne foar nije konsepten en publykstapassingen.

De subsydzje komt út it koroanaferbetterpakket No & Moarn fan Provinsje Fryslân. Mei de koroangoarre waard it ferlet fan – en dêrmei it gebrek oan – digitaal tagonklik erfgoed dúdlik. Dat jilde net allinnich foar rekreatyf belangstellenden, mar ek foar lokale mienskippen, (maatskiplike) organisaasjes en erfgoedynstellingen sels.

By it digitalisearjen fan de kolleksjes en kennis dêroer – dat neffens fêste protokollen bart – wurde yn it ramt fan partisipaasje en leefberens (lykas tsjingean fan iensumheid) benammen Fryske senioaren behelle, in groep dy’t him tradisjoneel sterk ferbûn fielt by musea yn de eigen omjouwing en it liuwepart fan de museumfrijwilligers yn Fryslân foarmet.

Njonken de Provinsje Fryslân meitsje it Mondriaanfûns en de Wassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting it projekt ek mei mooglik.

maart 13, 2022 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.