Projektemasine wol Europeesk jild ynhelje

maart 8, 2022 07:00

De provinsje Fryslân, alle achttjin Fryske gemeenten en trije Fryske kennisynstellingen hawwe besletten om har mei-inoar mei krêft yn te setten om Europeeske kânsen better te benutten. De partijen arbeidzje mei-inoar op yn ’e Fryske Projektemasine dy’t freed 4 maart 2022 yn NHL Stenden Hegeskoalle presintearre waard.

Fertsjintwurdigers fan de provinsje, de gemeenten en kennisynstellingen gear by gelegenheid fan it ûndertekenjen fan de oerienkomst. Foto Provinsje Fryslân

Deputearre Friso Douwstra fan Provinsje Fryslân:
“Yn Europa lizze kânsen by de rûs foar Fryske organisaasjes. Mei it ûndertekenjen fan dizze gearwurkingsoerienkomst sille wy mei-inoar fol oan ’e slach om dy kânsen te fersulverjen.”

Wethâlder Rob Jonkman fan Gemeente Opsterlân:
“Ik bin tige bliid dat alle Fryske gemeenten meidogge oan ’e Fryske Projektemasine, want oparbeidzjen makket de kâns op sukses yn Europa grutter.”

Erica Schaper, foarsitter Kolleezje fan Bestjoer fan NHL Stenden Hegeskoalle:
“Us hegeskoalle is sterk ferankere yn ’e regio. Mei dit oparbeidzjen kinne wy bydrage oan ús mienskiplike Europeeske ambysjes en oan brede wolfeart yn ús regio en dêrbûten.”

It belied fan Europa is rjochte op klimaat, duorsumens, digitalisearring en it grutter meitsjen fan de sosjale gearhing. Soks biedt foar regio’s yn de kommende desennia kânsen by ’t soad, omdat se útdage wurde om in bydrage te leverjen oan dy Europeeske ambysjes. Dy kânsen binne der sûnder mis ek foar Fryslân.

De Fryske Projektemasine sil derfoar soargje dat út Fryslân wei mear en bettere (gearwurkings)projekten ûntwikkele wurde kinne. Mei dy projekten dogge wy in berop op Europeeske fûnsen. De Brusselske middels binne net in doel op harsels, mar in middel om de  brede wolfeart yn Fryslân grutter te meitsjen. Der wurdt wurke út it idee wei dat sterke punten fan Fryslân in bydrage leverje kinne oan de ambysjes fan Europa (net ‘helje’, mar ‘bringe’ stiet sintraal). Tink dêrby oan saken lykas wettertechnology, sirkulêre ekonomy, natuerynklusyf buorkjen, de maritime sektor en kultuer. It doel is om yn it tiidrek 2021-2027 op syn minst € 130 miljoen oan Europeeske middels yn Fryslân delrûgelje te litten.

De Fryske Projektemasine sil inisjatyfnimmers mei advys en stypjende subsydzjes helpe om harren ideeën ta kânsrike projekten út te wurkjen. De kommende moannen wurdt in Utfieringstiim gearstald. Sûnt juster kinne boargers en ynstânsjes mei ideeën foar ‘Europeeske’ projekten har al melde op www.fryslan.frl/frieseprojectenmachine.

maart 8, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.