Presintaasje Skriuwersboun op tongersdei 7 april

maart 29, 2022 09:47

Bettere beleanning foar Fryske skriuwers en effektivere promoasje Fryske boeken

It Skriuwersboun hat ferline hjerst in kommisje ynsteld dy’t him dwaande holden hat mei de fraach: hoe komme wy ta in bettere beleanning fan Fryske skriuwers? De einrapportaazje mei in tal útstellen is troch it bestjoer fan it Skriuwersboun oernommen. It giet om konkrete en praktyske maatregels, dy’t relatyf ienfâldich te realisearjen binne.

Tresoar (foto: Haye Bijlstra)

De presintaasje dêrfan is op tongersdeitejûn 7 april 2022, 19.30 oere yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert.

Foar de realisaasje derfan is meiwurking nedich fan:

– de leden fan it Skriuwersboun;
– de redaksjes fan (diels) Frysktalige tydskriften;
– de Omrop;
– organisaasjes dy’t literêre eveneminten organisearje;
– de provinsjale en regionale kranten;
– útjouwers;
– biblioteken;
– Tresoar;
– Boeken fan Fryslân;
– de provinsje Fryslân;
– minsken dy’t graach Frysk lêze meie.

Alle boppesteande persoanen en organisaasjes binne op 7 april wolkom. It plan wurdt dan presintearre en der leit in brosjuere klear dêr’t de útstellen yn beskreaun en taljochte wurde.

maart 29, 2022 09:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.