Pier Bergsma: Fyftich jier nei ‘Grenzen aan de groei’

maart 3, 2022 07:00

Skôging

De konklúzjes fan it ‘Rapport van de club van Rome’ wiene dúdlik, mar der is yn al dy jierren amper wat mei dien. Miskien is it noch net te let.

Yn 1798 warskôge Thomas Malthus yn syn Essays on the principles of population dat der grinzen binne oan de groei. Hy seach de takomstige oerbefolking as it grutste probleem.
Yn 1972 kamen de wittenskippers fan de Club van Rome mei in rapport, dat yn ús lân útjûn waard as Aulapocket nûmer 500 ûnder de titel Grenzen aan de groei. Der waarden 250.000 fan printe en ferkocht foar in aksjepriis fan 2,50 gûne. Dat wie juster, woansdei 2 maart 2022, fyftich jier lyn.

ôfbylding Bruna

Neffens de kritisy sketsten de wittenskippers in te tsjuster byld fan de takomst. Sjoernalist Willem Oltmans gie derop út om 120 minsken om in reaksje op it rapport te freegjen: Grenzen aan de groei, 75 gesprekken over het rapport van de Club van Rome (Bruna 1973).

Ik behein my ta in pear minsken dy’t noch net troch elkenien fergetten binne, lykas Sicco Mansholt (1908-1995), dy’t oan de widze stie fan wat no de EU is: “De allereerste grondstof waaraan wij gebrek zullen krijgen is voedsel. De tweede ramp is de verstoring van het ecologisch evenwicht. De derde hangt samen met het milieu en bestaat uit het opraken van de energie (…) Naar mijn mening is het huidige systeem van productie en consumptie, dat gebaseerd is op een kapitalistische maatschappij, niet in staat om deze fatale problemen op te lossen.”

Jan Tinbergen (1903‑1994), Nobelpriiswinner ekonomy yn 1969 sei: “Ik beschouw het als een zeer groot pluspunt dat er voor de eerste keer een poging is gedaan om het gecombineerde effect te schatten van een aantal nieuwe verschijnselen: de bevolkingsexplosie, de uitputting van energie en grondstoffen en de toenemende milieuvervuiling.”

Wy sitte no mei de problemen dy’t Mansholt en Tinbergen al oankommen seagen. Yn de tiid fan it boek fan Malthus wennen der yn Nederlân 2.087.000 minsken. Yn 1972 wiene dat der 13.270.00. Wy wenje no mei 17.593.645 en oant 2030 sil de befolking nei ferwachting noch mei in miljoen tanimme.
De problemen driigje ús boppe de holle te groeien: it opwaarmjen fan de ierde, migraasje, de kleau tusken earm en ryk, fersteuring fan de omjouwing, gjin betelbere wenromte. Wylst ‘Save the children’ ús opropt om bern yn Afrika fan de hongerdea te rêden, binne wy yn ús rike westerske wrâld dwaande mei de bestriding fan obesitas.

Troch de koroanapandemy waard nochris dúdlik dat wy kwetsbere ‘dieren’ binne. As de wittenskip ús net holpen hie, wiene wy by boskjes stoarn lykas kninen oan myksomatoaze. Wy hawwe dit foar op kninen dat wy prate en lêze kinne, al is it spitigernôch net sa dat it hiele minskdom der mei likefolle ferstân gebrûk fan makket, sjoen wat de ôfrûne twa jier foarby kaam oan dom praat.

Dochs jout dy wrâldwide oanpak fan de koroanapandemy hoop. It docht bliken dat minsken by steat binne om de besluten fan oerheden dy’t basearre binne op wittenskiplik ûndersyk te folgjen en fierder te sjen as harren eigenbelang. Dat jout útsjoch op de takomst. It antwurd op de grutte en nije bedrigingen dêr’t wy foar steane, sil lykas by de oanpak fan it firus komme moatte fan mienskiplike ynspanningen, de wittenskip en de polityk.

Foar Nederlân soe der in soarte fan nij deltaplan komme moatte foar de kommende fiifentweintich jier. Yn Europeesk ferbân moatte der nije wetten en regelingen komme om migraasje yn goede banen te lieden. It Flechtlingeferdrach fan 1951 is efterhelle.

Linksom of rjochtsom moat dúdlik wurde dat wy troch ús ûnbidige konsumpsje de tûke dêr’t wy op sitte oan it trochseagjen binne. It is te hoopjen dat de leden fan de Twadde Keamer ophâlde mei inoar yn ’e bek te hingjen. Lokale en regionale polityk docht derta en kin fan betsjutting wêze yn ferbân mei de oplossing fan de problemen dêr’t it ministearje fan Volkshuisversting en Ruimtelijke Ordening net oan ta komt.

De Club van Rome kaam mei in program fan tsien punten dy’t noch mear as doe fan belang binne foar de takomst fan de wrâld. “We kunnen slechts in ernst praten over waar te beginnen, wanneer de boodschap van De Grenzen aan de groei en van het gevoel van grote urgentie wordt overgenomen door een groot gedeelte van de wetenschappelijke, politieke en publieke opinie in vele landen”, skreauwen se, en “Wij hebben vertrouwen dat onze generatie deze uitdaging zal aanvaarden.”
Hooplik is dat noch sa.

Dizze skôging stiet ek yn de Leeuwarder Courant fan 25 febrewaris 2022
maart 3, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.