Oprop: Frysk Fersetsmuseum siket Fryske befrijingsrokken
Resint ferskynd
It Frysk Fersetsmuseum yn Ljouwert start in syktocht nei Fryske befrijingsrokken. Yn ’e oanrin nei Befrijingsdei reizgje sjoernalist Lieke van den Krommenacker en fotograaf Marleen Annema troch Fryslân om de oarspronlike draachsters of harren (berns)bern mei rok te fotografearjen en de befrijingsferhalen op te tekenjen.

Feestrok (foto: Frysk Fersetsmuseum)
It einresultaat is fan maaie ôf te sjen yn de hal fan it Frysk Museum, mar ek online fia de webside en sosjale media. Minsken dy’t in befrijingsrok bewarre ha, kinne in mail stjoere mei namme, adres, foto en – foar safier bekend – it ferhaal efter de rok nei communicatie@friesverzetsmuseum.nl. Of it formulier op friesverzetsmuseum.nl/bevrijdingsrok brûke.
In protte froulju fierden de befrijing mei in selsmakke ‘befrijingsrok’, makke fan yn ’e oarloch bewarre lapkes stof en fersiere mei borduerde oantinkens. Dy ‘Nasjonale Feestrok’, in útfining fan de Amsterdamske fersetsfrou Mies Boissevain-Van Lennep, waard in symboal foar de nei-oarlochske ienheidsgedachte, kollektive (rou)ferwurking en frouljusemansipaasje. Yn it ramt fan Befrijingsdei 2022 giet it Frysk Fersetsmuseum op syk nei de noch oerbleaune befrijingsrokken yn Fryslân. Fan de rokken en de ferhalen efter de rokken wurdt in presintaasje makke yn ’e hal fan it Frysk Museum. Dy is fan maaie ôf fergees tagonklik foar publyk.
It projekt wurdt stipe troch Stichting Fryslân 1940-1945. It Frysk Fersetsmuseum is ûnderdiel fan it Frysk Museum.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje