Oprop foar masterskripsjes oangeande Fryske taal en kultuer
Resint ferskynd
Universitêre studinten kinne harren masterskripsje ynstjoere foar de Skripsjepriis 2020-2022 fan de Fryske Akademy. It bêste skripsjeûndersyk op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer wurdt beleanne mei tûzen euro. De priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt.

Fryske Akademy. Foto © Aant Mulder
Masterskripsjes kinne oant 1 juny 2022 foar de Skripsjepriis ynstjoerd wurde. Dêrfoar moat wol oan in tal betingsten foldien wurde. It ûnderwerp fan ’e skripsje moat lizze op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer, lykas Fryske taal- en letterkunde, skiednis of sosjale wittenskippen. De skripsje moat nei 1 juny 2020 en foar 1 juny 2022 skreaun (en troch de oplieding goedkard) wêze. Allinnich WU-Masterskripsjes kinne yn ’e beneaming komme foar de Skripsjepriis.
In wittenskiplike sjuery, gearstald út it Akademyfermidden, sil de skripsjes beoardielje. Oer de útslach wurdt net korrespondearre en it ynstjoerde eksimplaar fan ‘e skripsje wurdt net weromstjoerd.
Ynstjoere
Fan de gadingmakkers kriget de Fryske Akademy foar 1 juny oankommend graach ien papieren eksimplaar en in digitaal eksimplaar (pdf-dokumint). It papieren eksimplaar kin stjoerd wurde nei:
- Fryske Akademy
Skripsjepriis
Postbus 54
8900 AB Ljouwert
It digitaal eksimplaar kin maild wurde nei: skripsjepriis@fryske-akademy.nl.
De Skripsjepriis waard ynsteld by it fyftichjierrich bestean fan ’e Fryske Akademy yn 1988, mei as doel om studinten dy’t wittenskiplik ûnderwiis folgje in oantrún te jaan harren ûndersyk op Fryske tema’s te rjochtsjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje