Oplieding foar nije funksje: enerzjyboskwachter

maart 14, 2022 08:13

Foto Fryske Miljeufederaasje

De Fryske Miljeufederaasje (FMF) wol 25 minsken ta enerzjyboskwachter opliede. Dy krije as taak om derfoar te soargjen dat grutte sinneparken oan in griener Fryslân bydrage. Yn in tiidsbestek fan twa moanne leare se om sinne- en wynprojekten te beoardieljen op de effekten foar natuer en bioferskaat. Sa reitsje se betûft om út te meitsjen oft enerzjyprojekten yn bestimmingsplannen passe. De kursus is fan belang foar enerzjykoöperaasjes, lokale boargerinisjativen, doarpsbelangen en elkenien dy’t yn in lokale natuer- en miljeu-organisaasje aktyf is.

De FMF stiet foar grutte útdagingen no’t de ierde yn rap tempo opwaarmet. Soks freget om in duorsume oanpak. Alle omjouwingsfergunningen foar grutskalige enerzjyprojekten dy’t bydrage moatte oan de doelstellingen fan it Klimaatakkoart moatte yn 2025 gund wêze. Sokke projekten sille der yn de kommende jierren hieltyd mear komme. Guon dêrfan strike net mei natuer- en lânskipswearden, dy’t likegoed beskerming fertsjinje.

By sokke útdagingen en opjeften is it saak dat der genôch minsken foar de funksje fan enerzjyboskwachter traind wurde. “Wy begjinne fan ’t jier mei 25 plakken. As it in sukses wurdt hoopje we dat takomme jier út te wreidzjen”, seit Suzanna Bekkema, programmamanager by de FMF. Nei de training binne de nije funksjonarissen mânsk genôch om by de ûntwikkeling fan sinneparken it petear mei projektûntwikkelers en gemeenten oan te gean. “Sa wolle wy berikke dat enerzjyprojekten in geunstige ynfloed op lânskip en bioferskaat krije.”

Winaksje
Omdat de FMF fyftich jier bestiet, is in winaksje betocht. Under alle kandidaten wurde twa fergeze plakken ferlotte. As de oplieding begjint wurde de winners bekend makke. Dy krije dan fuort it lesjild werom.

Ynskriuwe kin fia https://www.fmf.frl/training-energieboswachter/, dêr’t ek mear ynformaasje oer de oplieding te finen is.

maart 14, 2022 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.