Nominaasjes Libris Literatuerpriis 2022 bekend makke

maart 1, 2022 08:55

Sjueryfoarsitter Ahmed Aboutaleb hat de seis nominearre romans foar de Libris Literatuerpriis 2022 bekend makke. It binne Nico Dros, Mariken Heitman, Auke Hulst, Deniz Kuypers, Renée van Marissing en Lisa Weeda, allegearre Nederlanners. It is foar it earst sûnt 2018 dat gjin inkelde Flaming op ’e koarte list stiet.

Boarne: Libris

De Libris Literatuerpriis wurdt takend oan de “bêste oarspronklik Nederlânsktalige roman” fan it ôfrûne jier. Achttjin skriuwers stiene al op ’e lange list en makken dus kâns om op ’e koarte list te kommen. It programma Nieuwsuur gie, lykas wenst, by de doarren fan de nominearre skriuwers del om se it nijs bekend te meitsjen.

De skriuwer dy’t wint kriget 50.000 euro. Wa’t dat wurden is, wurdt op 9 maaie streekrjocht yn Nieuwsuur bekend makke.

Yn it sjueryrapport stiet dat de sjuery “mienskiplike grûn” fûn by “romans dy’t kompromisleas yn harren estetyk wiene; by romans dêr’t fiksje in manier yn is om oer de maatskippij nei te tinken; by romans dy’t útdagen om de eigen bubbel te ferlitten en sjen lieten hoe’t de wrâld op konkrete minskelibbens ynwurket, yn it ferline, hjoed-de-dei en yn ’e takomst.”

De sjuery sinjalearret dat de literatuer fan dit jier faker as earder út it perspektyf wei sjocht fan minsken dy’t oan ’e ûnderkant fan de “sosjaalekonomyske piramide” in libben foar harsels besykje op te bouwen. En ek dat in protte fan de dit jier skreaune literatuer de grins tusken ferbylding en wier bard ferhaal opsiket. “Mar it waard ús nammerste dúdliker dat in deiboek mei in kaftke deromhinne noch gjin roman makket”, skriuwt de sjuery.

maart 1, 2022 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.