Noard-Fries Jakob Tholund ferstoarn
Resint ferskynd

Jakob Tholund is op 8 maart ferstoarn. Dat hat de Fryske Rie buorkundich makke. Tholund hat syn libben lang warber west foar de kontakten tusken Frysktaligen yn de Nederlânske provinsje Fryslân en it Noard-Dútske Noard-Fryslân.
Tholund wurke it grutste part fan syn libben as haad fan it gymnasium op it waadeilân Feer. Fierder skreau er ferskate boeken yn it Dútsk en Noard-Frysk oer it eilân, dêr’t er hikke en tein is. Hy wie ek warber yn ferskate organisaasjes foar Fryske taal en kultuer. Nei syn pensjoen ferhuze er nei Kiel. Dêr is er ek ferstoarn.
Tholund hat foar syn wurk de oarder fan Oranje-Nassau, it Dútske krús fan fertsjinste en de Noard-Fryske Hans Momsenpriis krige.
Jakob Tholund is 93 jier wurden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje