Noard- en Sealterfrysk te hearren yn Dútske Bûnsdei

maart 18, 2022 20:22
Foto: Dútske Bûnsdei

Yn it gebou fan ‘e Dútske Bûnsdei kin men sûnt tongersdei Frysk hearre. It giet om it Frysk sa’t dat praat wurdt troch de Noard- en Sealterfriezen, dy’t yn Dútslân hearre by de offisjeel erkende Dútske minderheid. It Frysk is der ûnderdiel fan in útstalling oer de minderheidstalen dy’t fanâlds yn Dútslân praat wurde.

Njonken de twa foarmen fan it Frysk, is ek it Nedersaksysk te hearren. Fierders is der in ôfdieling foar it Sorbsyk, ien foar it Deensk en ien foar de sigeunertalen Sinty en Roma.

De útstalling is makke troch de Dútske minderhederie, dy’t de ferskate taalminderheden yn Dútslân fertsjintwurdiget. It is in ynteraktive útstalling, dêr’t net allinnich de talen fan de minderheden te hearren binne, mar dêr’t de kultuer ek omtinken kriget.

De útstalling bliuwt oant en mei 8 april yn it gebou fan ‘e Bûnsdei te sjen. Dêrnei komt er twa jier lang op hieltiten oare plakken yn Dútslân. Mear ynformaasje fine jo op it webstee fan ‘e Bûnsdei.

maart 18, 2022 20:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.