Nije foto’s romteteleskoop publisearre troch NASA

maart 17, 2022 09:42

Romtefeartorganisaasje NASA hat nije foto’s publisearre dy’t makke binne troch de James Webb-romteteleskoop.

Foto: NASA/STScI

Op ’e foto is in stjer te sjen dy’t twatûzen ljochtjier fierderop stiet, mei dêr omhinne âlde stjerrestelsels. It ljocht fan de stjer is hûndert kear swakker as it minsklik each sjen kin. De foto fan juster is in testfoto om te sjen oft de spegels fan de teleskoop goed steane. De earste ‘echte’ foto’s komme ein juny of begjin july.

Foarige moanne publisearre NASA de alderearste bylden fan de teleskoop, dy’t op oardel miljoen kilometer ôfstân fan de ierde yn in baan om ’e sinne draait. Op dy bylden stie in stjer út it stjerrebyld Grutte Bear. Dy waard keazen, mei’t de stjer relatyf ‘tichtby’ de James Webb stiet en tige yntins skynt. Dêrmei wie it himellichem in maklik doelwyt. De bylden fan ôfrûne moanne wiene noch net optimaal, mei’t de spegels fan de teleskoop noch net útline wiene. De posysje fan de achttjin spegels is no better en de nije bylden binne dêrtroch moaier as se ferwachte hiene, sizze wittenskippers tsjin parseburo AP.

Neffens Jane Rigby, dy’t as wittenskipper by it Webb-projekt behelle is, wie de eftergrûn fan de foto noch swider as de stjer sels. De stjerrestelsels dy’t op ’e foto steane, binne inkelde miljarden jierren âld. It doel is om noch fierder yn ’e tiid tebek te sjen, nei it ljocht fan de earste stjerren dy’t nei de oerknal ûntstiene. Der wurdt ek socht nei tekens fan libben yn ’e romte.

Besjoch in filmke fan NASA:

maart 17, 2022 09:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.