Net stinne, der hinne!

maart 13, 2022 07:00

Oertinking

De skriuwster Anja Meulenbelt is net mei leauwe en tsjerke opgroeid, mar se ûntduts as folwoeksene de grutte wearde dêrfan. Se sei: “Ik belibje God as ien dy’t my mei de finger yn ’e rêch priket en seit: Net stinne, der hinne!”
Sa leit it ek yn it Bibelferhaal. As Jezus mei syn trije freonen fan ’e berch ôf komt, dan moetsje se in man dy’t ropt: “Hear, haw meilijen mei myn jonkje. Hy hat in foarm fan epilepsy en is der min oan ta. Ik ha jo learlingen frege om him te helpen, mar se koene it net.”
Jezus wurdt poer op syn learlingen en skelt se út: “Wat binne jim foar minsken! Hoelang moat Ik jim ferdrage? Ha jim gjin greintsje leauwen?” Jezus ferwachtet dus fan syn learlingen dat se minsken yn need helpe. Hy ferwachet fan jo en my dat wy minsken yn lijen en fertriet bysteane, dat it ús oandeart, oan it hert giet.

Wa’t yn Jezus leaut, wurdt yn Syn saak behelle, want: “As immen My folgje wol, dan moat er himsels weisiferje, syn krús opnimme en My neifolgje” (Matteüs 16: 24).
It krús opnimme kinne wy werjaan mei ‘draach inoars lêsten’.
It lijen fan Kristus wurdt foar kristenen heilsum en befrijend as se dat lijen yn ferbân bringe mei it leed fan al dy minsken dy’t smeekje om ús ynset. Wa’t dat docht, dy hat der ferlet fan om sa no en dan mei Jezus ‘op ’e berch’ te wêzen, om efkes yn it ljocht te stean en dan wer te hearren: “Net stinne, der hinne!”
Dêrta trúnje de âldste lessen yn opfieding oan:

“Lokkich de minske dy’t it om de earme lju begruttet; dy’t begrutsjen mei de earme hat, earet God” (Spreuken 14: 21 en 31).

Is it net fan grutte betsjutting as wy mei Jezus de berch op, én wer ôf geane?

Lêze: Matteüs 17: 14-20

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
maart 13, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.